Wepperkes woansdei 9-1

Snertrin 2008
8 januari 2008
Weppers tongersdei 10-1
9 januari 2008

Futsal
SDS 1 hoecht fan ‘e wike net foar de kompetysje te fuotbaljen y.f.m. de Midwintercup. SDS 3 moat al. Sy spylje jûn út tsjin Haskerland.

Midwintercup
De fjildfuotballers fan SDS 1 spylje moarntejûn yn de foarronde fan de Midwintercup yn Frentsjer. It begjint om 18.45. Sy fertrekke om 18.00 út Easterein. De folgende spilers moatte it dwaan:
Erik, Jacob, Jildert, Hendrik, Robert, Tjipke en Korné.

Traine
De spilers fan SDS 4 en SDS 5 kinne tongersdeitejûn moai efkes yn de Trije yn Frjentsjer sjen bij de foarronde futsal, want harren trainen begjint op 17 jannewaris wer.

Foar Perez
Foar Kenneth Perez is der mar
ien grutte hit.
En it is gjin fraach at hij hjir ek bij wie en ek meisongen hat.

TV-Tip
De leafhawwers fan Willem van Hanegem moatte jûn seker efkes nei Profiel sjen om 22.50 oere op Nederlân 2. Under de prachtige titel “De kuren van een knuffelbeer” sil in byld jûn wurde fan dizze trainer fan fc Utrecht.

Sitaat
Yn Sportweek stie in skofke lyn in opmerklike útspraak fan in trainer.


Fjoerwurk
Peter Sybesma hie mei âld en nij wat pech. Hy krige in stik fjoerwurk tsjin de holle en dit levere him in bult hechtingen op. Fergeleken mei dizze man, kaam hy der noch goed foarwei: