Wepperkes -woansdei-

Programma foarbereiding SDS 2.
20 juli 2005
Wepperkes -tongersdei-
21 juli 2005

Lotten foar de beker
Juster is der yn Heerenveen lotten foar de 1e (poule)ronde fan de beker. Dit is de poule fan SDS 1:
1. SDS             2. Zeerobben
3. Frisia          4. St. Annaparochie zo.

Klik hjir foar de hiele lotting.
Allinne de poule-winners geane troch nei de 2e ronde.
SDS spilet op sneon 20 augustus syn 1e bekerwedstriid thús tsjin St. Annaparochie.

Goeie CV
Harry Oosterman is de nije boargemaster wurden fan Eaststellingwerf. Neffens noch net befestigde berjochten hie Harry Oosterman yn syn CV setten dat hy fuotballe hie bij SDS. It skynt dat de betrouenskommisje dat swier mei wage litten hat. Yn ús archyf kamen wy tsjin in jieroerjoch fan SDS V, makke troch lieder Jelle de Boer yn it seizoen 93/94. Harry Oosterman skoorde doe 7 kear. Harry wenne yn Mantgum. Hy stie bekind as in reedlike korpulente spits en wie net al te trou.

Aant is wer thús!!

Aant is wer boppe wetter. De lisfyts stiet wer foar de doar en de computer draait wer. Wy kinne dus noch hiel wat nijs ferwachtsje dizze dagen….

Fan herte lokwinske!
Aant hat der al foar soarge dat hy foar syn jierdei thús is fansels. Hy is hjoed namelijk ek jierdei. Hy hat no in jier lyn Abraham sjoen. Fan herte lokwinske!!

Klik hjir om him ek lok te winskjen!

Fenfan!
Wy krigen wer inkelde nije foto’s binnen foar de rubryk Fenfan. De Hylkema ’s geane op de Turkse toer!

Femke yn it sjurt (fan broer Jildert)fan Fenerbahce.

Remco yn it út-sjurt fan Fenerbahce.

Remco en Femke.
Omke Friso(Albada) freget him ôf hoe as sy oan ‘e sjurts kommen binne. Hat swager Wouter syn fleanangst oerwûn????