Aant H. net yn Denemarken?
Ús reporter út Spannum is op it heden tiidlik efkes fan ‘e pôlle. Hy is sels sa fier fuort dat hy de tsjerketoer fan Spannum lang net sjen kin. Hy sit yn Denemarken en hat op syk west nei iets wat him oan thús tinken docht om him dochs wat thús te fielen. Jammer genôch is hy hjir net yn slagge. Ek hy hat Aant H. net sjoen. Dit mailtsje krigen wy fan Hendrik E.:
De beste fuotballer!
Wa is op it heden de beste fuotballer op ‘e wrâld? Eltsenien hat hjir faaks in oare miening oer. Ik bin fan miening dat Ronaldinho yn elts gefal ien fan de besten is op it heden Sjoch hjir mar ris.
De âlde doaze
De KF fan Easterein hat lêsten deis op syn webside it krânsenklassemint oernommen fan ús webside. No hat de webside fan de KV fan Wommels ús âlde doaze oernommen op hun webside. Lokkich genôch hienen sy sels noch in âlde doaze stean mei foto’s. Sjoch hjir foar hun webside.
Liftwedstriid
Tseard Hofstra en Sjoukje Koudenburg dogge mei oan in liftwedstriid. Dizze kear dogge sy it yn 3 etappes. Nei 2 etappes steane sy op it 3e plak. Sy dogge it dus knap want der dogge 15 steltsjes mei. Klik hjir om de hiele stân te besjen. De lêste etappe giet fan Biberwier(Oostenryk) nei Cesky Krumlov(Tsjechië).
Is Aant H. hast boppe wetter???????