Wepperkes -woansdei-

Hoera hoera..SDS 3 kampioen!!
17 mei 2005
De emoasjes fan Anne
19 mei 2005

Utslaggen tiisdei/woansdei

SDS E2 – Makkum E2 5-1
SDS E4 – TOP’63 E2 1-1
SDS F1 – Be Quick D F2 7-2
SDS F3 – Joure SC F6 3-1
Harlingen C1 – SDS C1 6-3

Alde gloarje
Wa kin se net mear, Fedde en Durk Ypma. Yn de jierren 60 de fuotbaljende twilling fan SDS 1. Sneon wiene se yn de Pein, om der ek efkes by te wêzen. Jan de Jong makke de foto.


Efkes útlizze
Sneontemoarn wie Feite de Haan noch efkes aktyf as skiedsrjochter. Hjir wolle de jonges graach witte  hoe’t je yn it earste komme.


SDS League
Freed kinne jimme hjir de nije stân besjen fan de SDS League.

Webside 1e Klasse
SDS 1 spilet folgend seizoen yn de 1e-Klasse. De webside dy ’t je dan yn ‘e gaten hâlde moatte is http://www.topamateurvoetbal.nl