Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
8 februari 2005
Wepperkes -tongersdei-
10 februari 2005

Futsal: SDS 2 pakt 3 punten yn Boalsert
SDS 2 hat juster 3 wichtige punten pakt yn ‘e striid tsjin degradaasje. Yn Boalsert wûnen sy fan RES 1 mei 3-2. Dat dit noch tige dreech wie kinne jimme lêze yn it ferslach fan Dirk-Yde Sjaarda(klik hjir).

Net ferjitte!!
De teams fan de SDS-League kinne úterlik sneon noch ynlevere wurde. Jimme hawwe dus noch 3 dagen. Klik hjir foar it ynfulformulier, ful it yn en mail it nei SDSLeague@vv-sds.nl of goai it by Willem Wijnia of Roel Sybesma troch de bus.

Hu Lang?
Kees Adema(SDS 1) hat wer in nije resept skreaun foar syn rubryk Kees en cooking. Ek dit resept is wer tige oan te rieden. Je kinne it fine op
www.sabetocht.nl.

Fan de Skoalleseize

It trainingsfjild yn Wommels is under hannen west juster. Okkema’s leanbedriuw hat út namme fan de Skoalleseize syn best efkes dien en wy hoopje dat it fjild der wer efkes tsjin kin.
Bestjoer Skoalleseize.

Futsal: SDS 1 kin revanche nimme
Jûn kin SDS 1 revanche nimme foar de wedstriid dy ’t sy ferlern hawwe mei de Midwintercup. Sy spylje jûn namelijk tsjin Foarút. SDS ferlear mei de Midwintercup yn ‘e kwartfinale fan Foarút. Foarút waard úteinlik ek 1e. De wedstriid begjint om 22.00 oere.

Futsal: SDS 3 moat ek.
Foar de wedstriid fan SDS 1 spilet SDS 3 om 21.00 oere tsjin RENADO.

Froulju!?
Sy witte sels ek wol dat sy gjin helden op de dyk binne, mar ja as sy dan sels graach op de scooter wolle dan moatte sy it sels mar witte……….(klik hjir)

Letter mear!!