Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
9 februari 2005
Wepperkes -freed-
11 februari 2005

Oefenje(1)
SDS 1 oefent jûn tsjin Berltsum 1(sneons-4e-Klasser). De wedstriid wurdt spile yn ………….Âldeboarn(!?). Hooplik hawwe wy moarn in ferslach fan dizze wedstriid.

Traine
SDS 2 traint jûn net. Sy traine moarn fan 20.00-21.00 oere yn ‘e sporthal yn Easterein.

Oefenje(2)
SDS 1 is sneon frij en oefent dus net. SDS 2 oefent sneon om 14.30 oere thús tsjin Hylpen 1. SDS 3 oefent ek. Tsjin wa en wêr witte wy net.

Fenfan
De sjurtsjes fan Ginola, Davids, van der Sar, Kahn en Zidane binne al op foto set. Jim kinne se sjen by SDS supporters. Wy ferwachtsje noch wol wat oanmeldingen.

Net ferjitte!!
De teams fan de SDS-League kinne úterlik sneon noch ynlevere wurde. Jimme hawwe dus noch 2 dagen. Klik
hjir foar it ynfulformulier, ful it yn en mail it nei SDSLeague@vv-sds.nl of goai it by Willem Wijnia of Roel Sybesma troch de bus.

Futsal: SDS 3 wint
SDS 3 hat justerjûn mei 2-1 wûn fan RENADO. Yn de earste helte kaam SDS op foarsprong troch 2 goals fan Jacob. Pas yn de twadde helte makke RENADO de 2-1 nei in lyts foutsje fan in SDS’er en sa waard it noch spannend. RENADO sette alles op alles mar SDS krige de kansen. RENADO sjitte och al op ‘e peal mar SDS wûn fertsjinne neffens de ferhalen.

Futsal: SDS 1 hurd ûnderút
SDS 1 hat juster mei 5-1 ferlern fan Foarút. Foar SDS wie dit de earste thúsnederlaach fan it seizoen.
SDS en Foarút begienen beide ôfwachtend oan de wedstriid wêr SDS de earste kansen krige. Foarút is goed bekend mei it spultsje fan SDS en loerde op de counter. Út in knappe oanfal waard it mei in lyts gelokje 1-0 foar Foarút nei sa ’n 10 minuten. SDS gie hieltiten mear oanfallen. Dit wie krekt wêr as Foarút op wachte. Nei 3 knappe counters nei slecht ynspyljen fan SDS’ers stie it 4-0 foar Foarút by de rêst.
De twadde helte waard it al gau 4-1 troch Tsjipke en mei in man mear besike SDS de oanslúting te krijen. Doe ’t it 5-1 waard wie de wedstriid spile en hie SDS neat mear yn te bringen.
Folgende wike spilet SDS 1 om 21.00 oere thús tsjin Heerenveen 2. Hooplik is der dan wer in soad publyk want wat steun kin SDS 1 op it heden al brûke.

Je kinne je poaten wol brekke(2)
 
Super!