Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
7 februari 2005
Wepperkes -woansdei-
9 februari 2005

Lolke is jierdei!
Ús troue SDS-supporter Lolke Hofstra is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske! Wolle jimme him ek efkes felisitere, klik dan
hjir.

Greidhoeke-toernoai foar F-pupillen
Hjir dan de foto’s fan ôfrûne sneon.

Pieter Groenveld hie de organisaasje strak yn hannen.

Der wedstriden gienen tusken ploegjes fan SDS en Littens.

Wy nimme mar oan dat dit in “panna” wie en dat de bal krekt bûten byld is.

Der wie genôch publyk.

SDS 1 – ONT 1 wurd útspile.
De webmaster fan ONT, Sjouke Walinga, wit ús te melden dat de wedstriid tusken SDS en ONT net OER-spile mar ÚT-spile wurdt. Sjoch foar de taljochting op de webside fan ONT(www.vvont.tk). Wierskynlik sil dit op sneon 26 febrewaris barre.

Je kinne je poaten wol brekke!

No net allegear probearje op trainen, want je kinne je poaten wol brekke!

Futsal:RES 1 – SDS 2
Fannejûn wurdt om 20.00 oere yn Boalsert de wedstriid spile tusken RES 1 en SDS 2. Hooplik kin SDS 2 trije punten pakke en ôfskied nimme fan ‘e ûnderste plakken. Miskien hawwe wy moarn it ferslach.