SDS 1 futsal wint mei 7-3
Oan de wedstryd wie net te sjen dat beide ploegen ûnderoan stiene. It spul wie reedlik goed fan beide kanten en gelokkich foar SDS foelen der genôch doelpunten om de winst binnen te heljen. Robert, Robert, Robert, Harmen, Feite, Floris en Feite soargen foar de 7 doelpunten. De tije doelpuntenmakkers fan Staphorst binne ús net bekind.
SDS 2 futsal bliuwt op koers
Op it momint dat it rêst wie bij SDS 2 Griffioen 2 wie de tuskenstân 3-2 . Skelte, Tsjeard en Pieter skoorden. SDS hie it noch tige dreech de twadde helte. Skelte makke der 4-2 fan, mar de Griffioen kaam al gau wer op 4-3. It wie mei troch goed keeperswurk fan Marten dat dizze stân stean bleaun.
Genemuiden hat juster ek wûn(fan Friesland). Dit betekent dat SDS 2 noch ien punt noadich hat yn de lêste wedstryd tsjin HZVV. Sy wurde ek kampioen as Genemuiden punten ferliest yn ien fan harren ynhelwedstryden.
Opromming
Kommende sneon 17 maart spilet SDS 1 thús tsjin BCV. Dit sil de lêste thúswedstryd wêze mei de âlde kantine op de eftergrûn. Der sil dy dei lyk opromming hâlden wurde by SDS. Der sil moarns en middeis in stand stean wêr ’t je SDS-spulen krije kinne lykas âlde sjurts, horloasjes, tassen, sjaals, trainingsjaskes ensfh(sjoch hjir). De muoite wurdich dus.