Wepperkes -tiisdei-
14 december 2004SDS League: The Huntelaar Rules pakt wykpriis.
16 december 2004De SDS League
De earste helte fan de SDS League rint wer op syn ein. As it meisit dan kinne jimme hjir jûn de nije stân ferwachtsje. Wy hawwe dêrnei noch ien wykein te gean. Soe Pieter Kamstra it winne? Wurdt OKB lêst? Lês it hjir.
Futsal: SDS 1 tsjin Urk
SDS 1 spilet jûn tsjin Urk. SDS 1 mist wer in pear spilers. Jan Simon Jelsma hat noch tefolle lêst fan syn skouder en wurdt ferfongen troch Remco Brouwer. Robert Sybesma docht wierskynlik ek net mei. Hy hat tefolle lêst fan syn ribbekast. Ek Willem Wijnia is der net. SDS spilet om 21.00 oere tsjin Urk.
Futsal: Ek SDS 3 moat thús
Nei de wedstriid fan SDS 1 spilet SDS 3 thús tsjin Old Forward 3. De wedstriid begjint om 22.00 oere.
Futsal: SDS 2 nei Genemuiden
SDS 2 mei wer in ein fuort. Sy spylje moarn om 20.15 oere út tsjin Genemuiden 1. Sy kinne hjir it ferlies fan ôfrûne sneon fan SDS 2(fjild)tsjin SC Genemuiden wer rjocht breidsje.
SDS-Rabo op Krysttoernoai Frentsjer
Nei in jier ôfwêzich west te wêzen op it iepen Frentsjerter Krystsealtoernoai hat Willem Overal dit jier SDS 1 (op it lêste momint) mar wer ris opjûn foar dit toernoai. SDS spilet kommende sneontejûn fanôf 21.00 oere de earste poulewedstriden. De rest fan de poulewedstriden en de finales wurde spile op 2e krystdei. It is noch net hielendal bekend wa as der allegear foar SDS 1 fuotbalje sille. Willem Wijnia hie syn wurd al jûn oan in oare ploech en docht net mei by SDS 1. Hy spilet foar Meskenbouw. Foar dit team spile hy foarich jier ek doe ’t SDS net meidie.
De linkerknibbel??
Dirk de Jong is der ôfrûne tongersdei noch goed foarwei kaam op de operaasjetafel. Hy lei op ‘e operaasjetafel doe ’t hy lichtjes fernaam dat sy oan ‘e gong wienen mei syn linkerknibbel. De dokter wie der noch net, dus it hindere noch net folle. Doe ’t hy binnenkaam frege Dirk dochs mar efkes wat der yn syn grutte boek stie oer welke knibbel fan Dirk no eins net yn oarder is. “De linker” sei de suster, “eeuh, ja,” sei de dokter. “Myn rjochter knibbel is net yn oarder” sei Dirk. “Het was ook maar een grapje”, sei de dokter en de suster koe begie Dirk syn rjochter knibbel no ek mar te skrobjen.
Lokkich genôch dochs de “goeie”opereare………
Richt knapt op
Nei de befalling, 6 wiken lyn, fan lytse Pieter knapt, Willem syn frou, Richt aardich op. Sy probearet thús ek alwer efkes wat administratyf wurk te dwaan op de komputer. Dit giet aardich. Sy is allinne noch net hielendal yn oarder. Sjoch hjir.