SDS League: The Huntelaar Rules pakt wykpriis.

Wepperkes -woansdei-
14 december 2004
Wepperkes – tongersdei –
16 december 2004

Ien wykein docht Huntelaar net mei by SC Heerenveen en ferfolgens pakt “Huntelaar Rules”(JD) de wykpriis. Dy kin dus wolris faker net meidwaan.

Pieter Kamstra stiet noch fier boppe-oan. Wol krûpt de nûmer 2 hieltiten tichterby. The Mean Machine(SW) stiet 2e op 22 punten mei noch ien wike te gean. The Jelsmanian Devils(JSJ) sakje fan 2 nei 3. As jimme de stân besjogge dan steane dizze twa ploegen noch ferkeard om.

De coach fan Hey Ho Let’s Go(WW) komt sliep tekoart en sakket hieltiten fierder fuort yn de stân fan de League. De lêste wiken sakket hy hieltiten in plakje en no sels 2. Hy stiet no 5e. Mar goed dat der noch mar 1 wike te gean is. Der moat dan noch krekt in priiske foar him ynsette.

OKB(SS) stiet fansels noch stiif ûnderoan. Wer pakt hy mar 7 punten. Miskien hat hy asen mear tiid om in goed team gear te stallen. 

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân fan de SDS League:
wike 13