Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei –
13 december 2004
Wepperkes -woansdei-
14 december 2004

Berjocht fan in rjochterinkel

Beste minsken,

Dit is in goeie (!) gelegenheid om efkes as inkel wat te sizzen. Sjoch, wy binne in ûnderdiel fan it lichem en net sûnder grutskens kinne wy wol sizze dat foar fuotballers in inkel tige wichtich is. Is it inkel net goed dan wurdt fuotbaljen neat. Dit yn tsjinstelling dat oare lichemsdielen.

No jouwe de measte minsken net folle oandacht oan de inkel. Wy wurde wolris fergetten dêr ûnderoan it lichem.
Ik sels net hear. Nee, ik haw it noch net sa min troffen. Want  gean ik mei de oare lichemsdielen bygelyks út te fytsen, dan sit ik hielendal foarop. Dat is mei de measte inkelfytsers wol oars. Ik haw dan ek in wichtige funksje. Sa soargje ik der sels foar at it glêd liket te wêzen dat de gong der efkes úthelle wurdt, sadat er gjin ûngemakken barre.

No kaam dizze wike nei foaren dat myn baaske, om samar te sizzen, net folle fertrouen yn my hie. Pyt warskôge foar glêde diken en dêrom moast myn baaske sa nedich op moandeitemoarn op in gewoane fyts nei syn wurk. Ja, soks freget fansels om ûngemakken. Want wa moast no oanjaan dat it glêd is op de dyk. Ik net. Ik siet er no te fier ôf. En ik begryp noch net dat ik sa stom wêze koe, mar ik besocht de fal tsjin te gean. Resultaat, ik yn de kreukels en myn baas mankeart fierders neat. En ik sit no mei de ellinde.  Stiif ynpakt en rêst hâlde. Oh ja der is ien foardiel. Oars kin ik nea tillefysje sjen, mar no sit ik foaroan. Dochs noch in lyts foardieltsje foar my.

 

De groetnis

It inkel


Kenniskwis
By CSL hawwe se justerjûn ek in fuotbalkenniskwis hân. Under lieding fan Kees Jansen waarden der trije ronden en in finale ronde holden. De fragen wiene fan de kwis fan ferline jier. Winner waard Menno Bruinsma. Wy hawwe begrepen dat se de fragen wol wat oan de drege kant fûnen. Men tinkt al oan in tradysje.

Gjin Treffer
Sa’t jim moandei lêze koene giet er wolris wat mis mei it rûnbringen fan Treffers. Dit hat ta gefolch dat Paulus Dijkstra út Turns syn Treffer noch net krigen hat. Dêrom foar him mar efkes in aksjefoto.


Apekoai
Tongersdei traint SDS 2 dit jier foar it lêst. Sy sille dit dwaan fan 19.00 oan ’t 20.00 oere yn Easterein, dus foar de klaaiboksen. It sil wol apekoai wurde.

Douwe(ex-SDS 4) yn ’t nijs
Bewenners fan Loaiingea stappe nei de rjochter. Se wolle de krusing op de N354 by Skearnegoutum wer iepen. De provinsje hat de krusing sluten, om foar te kommen dat fytsers der gebruk fan meitsje. No moatte auto’s ut Loaiingea oer it fytspaed en troch in tunnel om yn Snits te kommen. Dat is neffens Foarsitter Douwe Hoekstra (ex SDS 4) te gefaarlik. De Fytstunnel is te smel. In beswierskrift oan Deputeare Steaten is ofwiisd. Dus stapt men nei de Rjochter.

Bron:Omrop Fryslân Text

Metsje yn ‘e Trefferredaksje
Metsje Huitema sit alwer in skoftke yn é Trefferredaksje. Hjir is dan eindliks har foto.