Wepperkes (woansdei)

Wepperkes (tiisdei)
5 april 2004
Ferslach SDS 1 en A1.
7 april 2004

SDS 5 wint
SDS 5 hat de lestige útwedstriid wûn tsjin Suwald. It ferslach stiet jûn op de side. Utslach wie 2-3 en doelpunten wiene der fan Roel, Klaas O en Eddy.

Ek in priis

It hâldt mar net op mei alle prizen. Ek Hinke krige dizze wike in priis. Sy waard by har bedriuw aardich yn ‘e blommen setten. Sy waard ‘De boeker van de maand’ by it Mercure yn Arnhem. Ik soe sizze, “moai meinommen”.


Tsjin wa moat SDS 2?(15)
It is dan eindliks bekind hoe at it sit mei de beker fan SDS2. Sy sitte by de lêste fjouwer. De heale finale spylje sy thús op 5 maaie om 19.00 oere. Tsjin wa dat wurdt Peaskemoandei bekind. Dan wurde de oare kwartfinales spile. Hjirûnder kinne jimme it moai besjen (mei tank oan Immie Kamstra). Wannear, wêr en tsjin wa at de finale spile wurdt is noch net bekind.

Bekerronde SDS2

Thuis

Uit

5e Ronde KO

1

SDS2

Viboa2

2 – 0

2

Staphorst2

Genemuiden2

4/12/2004

14.30 uur

3

VEV’672

Oranje Nassau2

4/27/2004

18.45 uur

4

Drachtster Boys2

Meppel2

4/12/2004

14.30 uur

6e Ronde KO

A

SDS2

Winnaar4

5/5/2004

19.00 uur

B

Winnaar2

Winnaar3

5/5/2004

19.00 uur

7e Ronde

Winnaar A

Winnaar B

??????

?????


Seleksje SDS F5

Jimme kinne ûnder junioren no ek de hiele seleksje fan SDS F5 fine.

Harm-Auke moast blaze.
Harm Auke Dijkstra die ‘t ferhaal dat der in skoftke ferlyn blaze moast foar in alkoholkontrôle. Neffens himsels kaam hy der goed foarwei; “Ik hie blaast en doe waard dat lampke de grien fan prima dus ik mocht moai trochride”. Mar goed dat Hampie der doe net sa útseach. Dan hie der net mear blaze hoeft.

SDS A1 ferliest jammerlik
SDS A1 hat justerjûn jammerlik mei 1-0 ferlern yn en fan DIO Oosterwolde. Letter hjoed kinne jimme hjir it ferslach lêze wat Mark Postma skreaun hat.

Ferslach WTOC-SDS1
Wichard Deinum hat in ferslach skreaun oer de wedstriid fan SDS 1 fan ôfrûne sneon. Letter hjoed kinne jimme it hjir lêze. Hawwe jimme noch wat foar de SDS-side, mail it nei info@vv-sds.nl.

SDS League
Der is in storing by de leveranciers fan punten yn de SDS League. Alle ploechen stean noch op 0. Wy hoopje dat dit foar it ein fan ‘e wike oars is.