Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
15 oktober 2007
Wepperkes -tongersdei-
17 oktober 2007

SDS 2 oefent tongersdei tsjin Oeverzwaluwen(1)
Dit is de seleksje fan SDS 2 dy ’t tongersdei oefent yn Koudum tsjin Oeverzwaluwen;
Korne Boekholt, Jan Simen Jelsma, Sybren Wesselius, Ralf
Wariman, Bote Strikwerda, Donny Okkema, Jildert Hylkema, Redmer Strikwerda, Paul de Boer, Jelmer Ruter, Andrew Feyten,  Arjan van Putten, Bauke Dijkstra en Pytrik Hiemstra.
De leden fan de seleksje dy ’t net mei hoefe binne tongersdeitejûn frij.

SDS 2 oefent tongersdei tsjin Oeverzwaluwen(2)
As SDS 2 tongersdei oefenje wol dan moatte der al riders wêze. Oan ’t no ta is der noch net ien auto. Wa ’t ride kin moat Hylke efkes skilje(06-46324996). SDS 2 fertrekt om 18.30. De wedstryd begjint om 20.00.

Futsalbeker
Sawol SDS 1 as 3 moat jûn bekerje. De sealfuotballers fan SDS 1 moat om 19.00 út tsjin Haskerland 1. SDS 3 spilet jûn om 20.00 thús tsjin Workum 4. SDS 3 ferlear foarige wike foar de kompetysje noch mei 6-0 fan de Warkumers. Wy bin benijd hoe ’t it jûn giet. 

Burgummers en SDS-ers op de foto
Net allinne Henk Bootsma makke sneon foto’s ek de interim fersoarger Wim van den Brink. Jim kinne se
hjir sjen.

Allegear op de foto
Hjir nochris in oprop oan alle SDS-ers om kommende sneon om 12.00 op it sportpark te kommen yn tenue. Der sil in foto makke wurde fan de hiele SDS famylje. Dus woene jim graach in kear op in foto mei ien fan SDS, dan kin dat no.

Wichtige spiler werom?
Neffens it stikje fan Jan Stenekes oer de wedstryd fan SDS 3 fan ôfrûne sneon wie der in wichtige spiler werom yn de basisalve. Wy hawwe it stikje lêzen, mar freegje ús noch altiten ôf wa ’t dy wichtige spiler dan wol is……(klik hjir).

Troanies Rockbattle 2007
Wa ’t sneontejûn net mear yn it nije ferieningsgebou yn Easterein past kin altiten efkes yn Wommels sjen by de Troanies Rockbattle(klik hjir).

Boek
Wilfred Genee kin syn boek mar min oan de man krije (klik hjir). Wy hawwe it al lêzen en kamen sels noch in SDS’er tsjin. Moarn mear hjiroer.

Logokwis
Wy binne benijd nei jim kennis(klik hjir).

Letter mear!