Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
16 oktober 2007
Wepperkes -freed-
18 oktober 2007

Programma sneon
Gjin fuotbalprogramma omdat de iepening sneon is. Jim kinne 
it programma foar sneon hjir sjen.

Futsal: SDS 1 swier ûnderút
SDS 1 hat justerjûn syn bekerwedstryd út tsjin Haskerland mei 6-1 ferlern. Troch blessures(sy ek al) binne der noch mar 5 spilers oer by SDS 1. Sûnder wissels koe der net folle oan it ferlies dien wurde. It waard 6-1. Peter Sybesma makke de eretreffer. Willem Overal sil no de transfermerke op, mar hat net folle te bieden.

Futsal: SDS2 wint
SDS 2 hat juster yn de beker mei 6-5 fan Workum wûn. Foarige wike waard der tsjin deselde ploech yn de kompetysje noch mei 6-0 ferlern. Neffens Harm-Auke kaam dit mei nammen om ’t der doe in pear fan Workum 1 meidienen.

Libbend tafelfuotbal

Kommende sneon is de iepening fan it nije gebou. Alle dielnimmers fan it gebou presinteare harren op dy dei. Foar de jeugd fan SDS is der moarns it Meinte Sixma toernooi en foar de rest is der libbend tafelfuotbal. Wij koene ús dêr net safolle bij foarstelle mar oan de foto te sjen kinne je hiel wat wille meitsje.

Op de foto
Zaterdag 20 oktober willen we met alle SDSers op èèn foto om 12.15 uur op sportpark de Skoalleseize.
Iedereen wordt verwacht in SDS tenue dus de spelers in SDS shirt of trainingspak (van de sponsor) de leiding in coachjassen, het bestuur in SDS polo en de vrijwilligers, supporters en freonen fan SDS met SDS sjaal om of SDS paraplu op en de sponsers met hun eigen sponsorshirt aan.

De enclave Friesland is gevallen
Dat binne teksten
op ynternet wêr’t wij net om hinne kinne. In prachtich stikje tekst oer Heerenveen, Alves en de Friezen.

SDS 4 te min punten
Noch altyd stiet SDS 4 op
4 punten wylst dat 7 wêze moatte. De wedstryd tsjin Zeerobben (begjin septimber) is noch altyd net opnommen yn de stand. Is it wedstrydpapierke fuort rekke of sa?

Hekkelje
Durk stie moai te hekkeljen oan ‘e dyk op trije húzen en dêr sjocht hy as in streep Stoffel foarby fytsen op in froulju’s fyts (jimme kinne dat grif foarstelle) en dy wie noch net 100 meter fjirder doe gie de mobiel. In sms’ke fan Durk: Is de motor stikken? It is moai waar wie de sms werom en dit is in poerbêste training en sa kin ik tongersdeitejûn ris in training sjitte litte!
Wy binne benijd as Stoffel der jûn ek is te trainen.

Foar it lêst
It is jûn foar it lêst dat der nei it trainen yn de berging neisitten wurdt. Wy ferwachtsje in emosjoneel en kâld ôfskie…….. 

Lange Tenen
It ôfrûne wykein hat ien fan de wepmasters(dy mei it measte hier op ‘e holle) it boek “Lange tenen” lêzen fan âld-Ljouwerter en tafelfreon fan Van Hanegem en Derksen, Wilfred Genee. Op side 203 kaam hy in opmerklike passaasje tsjin:
“…..het deed me wel beseffen op welke hoogte Evert ten Napel zich bevindt. Zinedine Zidane die tot je vriendenkring behoort. De bekendste voetballer die ooit op mijn verjaardag is geweest is Remco van Dijk. Remco wie? Inderdaad. Een enorm talent, maar geen mentaliteit. Verder reikt mijn kennissenkring in de voetbalwereld niet…...
Soe dit oer deselde Remco van Dijk gean dy ’t in blaue moandei by SDS fuotballe hat en op papier noch altiten lid is?