Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
15 oktober 2007
Wepperkes -woansdei-
16 oktober 2007

Oeverzwaluwen 1 – SDS 1  3-1
It wie mooi waar, de kofje smakke goed, it fjild wie best (it ljocht ek wol), der wiene in soad SDS supporters, it doelpunt fan Erik wie prima, Jaap wie fierwei de beste oan SDS kant en dat wiene sa ûngefear alle positive dingen dy’t ús sa flak nei de wedstryd te binnen sjitte. Oh ja, Overzwaluwen fuotballe prima en wûn mear as fertsjinne.
Miskien, is der nei in nachtje sliepen noch wat te melden.

Op nei Koudum
SDS hat de stipe fan elkenien wol nedich om jûn dat twadde plakje te pakken yn de twadde klasse I. Om 19.30 is elkenien wolkom yn Koudum.

Fan herte lokwinske!
Durk Okkema is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske! Klik hjir om him ek lok te winskjen!

Seleksje SDS 1
De seleksje fan SDS 1 foar jûn sjocht der sa út:
Jaap, Tsjeard, Anne, Feite, Sieb, Arjan, Erik, Skelte, Tsjipke, Jelmer, Tjalling, Jakob Klaas, Hendrik, Feiko en Kasper.

Meinte-Sixma-toernoai
Kommende sneon is it jierlikse Meinte-Sixma-toernoai wer. Dit is foar de D-, E- en F-pupillen. It duorret fan 9.30 oan ’t 12.00.

De paskes
Sûnt ferline jier moatte alle spilers in paske hawwe en dy paskes binne nedich om dyselde spilers op it wedstrydformulier en yn it fjild te krijen. 
Dyselde paskes kinne ek in reden wêze om as trainer op te stappen. Wij siteare de opstapte trainer Kiers fan in klup út Emmen:|
De druppel die de emmer deed overlopen voor mij was het feit dat ik tegen Oring in die wedstrijd niet kon beschikken over twee A1 spelers waarvan er zelfs één was doorgeschoven naar het eerste team omdat de trainer van A1 weer eens dwars lag door de pasjes van die spelers achter te houden waardoor deze spelers niet mochten spelen.”

Doelpunten djoer dit wykein
Fjouwer doelpunten koene wij noteare bij de senioren. Dat is meager.
De klassemintslieder Gearard Posthumus koe sneon mei in blessure net yn aksje komme yn de punt fan de oanfal, mar hij liet net ferstek gean. Hij naam plak ûnder de latte bij SDS 4. It balkearen gie him minder ôf as it skoaren.

Dirk Yde doet het in het Holands
Freon Dirk Yde Sjaarda, dy’t ús altyd sokke moaie fryske proaza oanrikte, is ûnder druk fan syn omjouwing oergien op it Nederlâns. Foar safier at wij it lêze kinne, fermakket hij him noch tige en is der ek bier yn Sydney te krijen. It muoit ús tige dat der wer in stikje Fryske taal yn de wrâld ferlern giet en beriede ús oer druk fan dizze kant.

Nijgjirrige lêzing
Its is hjerstfekansje en dan nimme wij it derfan. Sa hawwe wij juster op in tige nijsgjirrige
temadei west oer it wetter.

Panenka
Eltsenien kin de penalty fan Panenka. Mei gang op de bal ôf en dan de keeper ferskalke mei in lullich stiftboltsje. As it lukt is it prachtich. En as it net lukt?(klik hjir).