Wepperkes -woansdei-

SDS League: In Control pakt de wykpriis!
25 september 2007
Wepperkes -tongersdei-
25 september 2007

Futsal 1 yn aksje
De futsallers fan SDS 1 hawwe it jûn opnommen tsjin drs Vijfje 3, in futsalploech út Grins. Einstân 8-4. Moarn mear.

Fan herte lokwinske!
Harm Stremler is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske! Jim kin him jûn felisitere yn de sporthal.

De bar

Yn de kantine begjint it der no aardich op te lykjen. Foar sommigen kin der no wol iepen, want de bar is der. Om jim in yndruk te jaan krigen wij dizze foto fan Hans Kooistra.

Wat seist?

Nij it twadde doelpunt fan Broekster Boys flagge grinsrjochter Anne Brouwer fan SDS. De skeids gie efkes nei him ta en doe hiene se it der efkes oer. Henk Bootsma seach dat en makke in foto. Mar wij freegje ús ôf wat Anne no krekt sei. Mail wat leuks nei
ús adres

Utnoeging
It bestjoer fan de Skoalleseize hat foar freeds wat leuk berocht. Alle frijwilligers binne of wurde útnoege om om 19.00 lâns te kommen foar in groepsfoto. Sjoch hjir foar
de útnoeging.

Noch in aksjefoto

Wij moatte mar ôfwachtsje wannear we wer yn de gelegenheid binne om de froulju op de foto te setten, dêrom noch in aksjefoto fan sneon.

Ferrassend

En wij mar tinke dat er noch gjin foto makke wie fan SDS 1. Mei man en macht rukten wij sneon út om foto’s te meitsjen en samar ynienen komt er noch in alvetalfoto binnen fan dit jier. Suver nuver..

Tiid ferdwaan
Der binne minsken dy hawwe gewoan te folle tiid. Dy sitte ta ferfelens efter ynternet. Oars kinne wij net ferklearje dat ien fan ús leden yn 10 ferskillende regio’s meidocht bij it amateurvoetbalspel. En sa te sjen docht er it
hjir en dêr net sa min.

Pokerje
Snein waard der wer folop pokere troch tal fan SDS’ers. De foto’s binne te sjen op www.jaring-fotografie.nl.

Down Under
Wij krigen in útnoeging fan Dirk Yde Sjaarda dy’t nije wike tongersdei foar in heal jier “ûnder wetter” giet en dat fiere wol. “Sis it fierder”, stie der bij en dat hoege je tsjin ús mar ien kear te sizzen.
Beste SDS’ers,
Graach wol ik jim hjirby allegearre fan herte útnoegje om kommende snein 30 septimber op it fytske (of mei in oar ferfiersmiddel) rjochting Sjaardaleane 17 te kommen yn Easterein foar de earste edysje fan Tentfeest Sjaarda! Mei in tent, musyk, (fris)drank binne alle ingrediënten oanwêzich om der in gesellich feest fan te meitsjen, dit alles foar in fêst bedrag fan mar  € 20,-Sadwaande kin ik dan ek moai ofskied fan jim nimme foardat ik folgende wike tongersdei yn it fleantúch stap rjochting Down Under. 
Jimme binne fan herte wolkom fanôf 17.00 oere! Set it yn de aginda!!
Oant kommende snein!!
Groetnis DYS