Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
25 september 2007
Wepperkes -freed-
26 september 2007

Futsallers meitsje it efkes spannend
De futsallers fan SDS 1 wûnen woansdeitejûn. Dat barde nei in 4-1 tuskenstân, in 4-4 tuskenstân en in 8-4 einstân.
Doelpunten makkers:
Skelte
Skelte
Anne
Feite
Peter
Feite
Peter
Anne

Famkes wer thús!
Ek kommende sneon en nije wike sneon spylje de froulje wer thûs yn Easterein. No sneon tsjin Bolswardia en neie wike sneon tsjin Tzum.
Der komme steeds meer froulju, de teller stiet no al op 20 spylsters (by de famkes). As jo de oare (wat âldere ) froulju meitelle dan kinne der wol trije teams makke wurde, want dizze groep sit ek al op sa’n 20 spylsters.
As dit sa trochgiet dan kin de Skoalleseize nei de bou fan de kantine wol neitinke oer extra boxen !!!!
Mar safier is it nog net, kom earst allegeare kommende sneon mar om de froulju oan te moedigjen.
Feike Jorritsma

Sokken

Hawwe jim fanne wike in held op sokken sjoen of hawwe jim immen foar de sokken riden? Grutte kâns dat dat immen is dy’t sneon út de kantine de ferkearde tas meinommen hat. Want Enne Bruisnma jout oan dat de âlde tas mei nije sokken meinommen is. Der skynt ek noch in nummer op de tas te stean.
Soe de sokkedief de tas wol werombringe wolle bij Enne of André. Wij fine it wol in grutte sokses.

Wêr bisto?
Dirk-Yde Sjaarda giet tongersdei 4 oktober op reis. Hy sil nei Australië en Nieuw-Zeeland ta. Hy sil sa ’n 8 moannen reizgje. Jim kinne him folgje fia syn webside:
www.dys.waarbenjij.nu

Wat seist! (1)
Wij fregen ús fanne wike ôf wat Anne Brouwer tsjin de skeids sei. Wybren en Namkje tinke it te witten sij jouwe tegearre 7 ferskillende suggestys.


Wat seist ! (2)
Ek Trienus en Petra komme mei in tekst dy’t hiel ticht bij de wierheid sitte kin.

Oprop fan bestjoer Skoalleseize
“In verband met de aktie voor het verenigingsgebouw is op bankrekening van de Skoalleseize een bedrag overgemaakt door W. Kooistra en A.Rispens; de leden van de aktiecommissie kunnen deze personen niet thuisbrengen. In verband met de aanstaande verloting ontvangen wij graag het adres van deze
personen; graag contact opnemen met Fedde Wiersma (0515-332401 of fwiersma@hetnet.nl)”.

Supersnein
Ofrune snein wie ut Super-Sunday bij it foutbaljen, kommende snein liket it wol Super-Sunday yn Easterein.
Der is fan alles te belibjen. sa ek wer it jierlikse fiskjen en klaverjassen fan de Âld-feinten klub.
Om it feest fan Dirk-Yde net yn ‘e wei te sitten is dit fan 13.30 oere oant te mei 17.00 oere en kinne we dernei moai nei de Sjaardaleane.
Kom dus allegearre sneintemiddei nei de Skippersbourren.
Eltsenien is wolkom en kin lid wurde fan us Âld-feinten klub.
Oant snein, 
Rene Velzen