Wepperkes -woansdei-

SDS League: Ruurd pakt op ‘e nij de wykpriis!
19 december 2006
Wepperkes -tongersdei-
21 december 2006

SDS 2 futsal wint
Anne Brouwer makke syn debút as skiedsrjochter yn de earste klasse fan it futsal. Hij seach in spannende wedstryd want SDS 2 hie it dreech tsjin de taaie Ferwerters út Burdaard. SDS kaam foar, kaam efter en besliste pas yn de lêste minuten de wedstryd.
Skelte 1-0, nû 10 1-1, nû 6 1-2, Dirk Yde 2-2, Dirk Yde 3-2, nû 10 3-3, Skelte 4-3, nû 10 4-4, Dirk Yde 5-4 en 6-4. De futsallers binne no herbstmeister, mar dat wurd ferfange wij graach foar wat oars: jierswikselingskampioen

 

Krysttoernooi Frjentsjer 2007

Lykas ôfrûne jieren sille de futsallers fan SDS wer dielnimme oan it jierlikse kryst-sealfuotbaltoernooi yn sporthal de Trije yn Frjentsjer. It toernoai is 2 kear wûn troch SDS. Foarich jier waard SDS 2e nei de finale ferlern te hawwen fan Meskenbouw.

Dizze edysje wurdt ferspile op sneon 23 en tiisdei 26 desimber (2e krystdei). SDS is yndielt yn poule A. De beste 4 ploegen mei harren melde yn’e knock-out fase.

De seleksje fan SDS bestiet ut ’e folgende spilers:

·         Marten

·         Erik

·         Jacob-Klaas

·         Tsjeard

·         Tjeerd

·         Tsjipke-Klaas

·         Skelte

·         Dirk-Yde

·         Willem(?)

Programma sneon 23 desimber

18.45           SDS – Anytyme ‘t Park

19.24           Big Ben – SDS

19.50           SDS – V.V.O.E.

20.16           SDS – Ganzinga

20.55           SDS – Lageweg

Programma tiisdei 26 desimber

10.07                              SDS – Prinsb./v.Dellen

11.12                              SDS – Rijsch. v.d.Harst

12.04                              SDS – De Trije

13.09                              SDS – Autow. Dijkstra

De 1/8-finale wedstriden begjinne om 13.45 oere.

Woansdeitejûn Futsaljûn
Jûn binne der twa wedstriden yn de Greidhoeke. SDS 2 spilet om 20.30 tsjin Birdaard 1 en hopet de kopposysje behâlde te kinnen. SDS 3 spilet hjirnei om 21.30 tsjin WZS 5. SDS 1 spilet jûn om 20.30 op Urk tsjin Urk 2.

Lytse Jesse
Juster binne Stefan van Krimpen en syn frou Hannah de trotse âlders wurden fan Jesse. Jesse is moarnsbetiid berne en makket it lykas syn heit en mem goed. Jesse is neffens syn heit de earste yn de stambeam van de Van Krimpens dy ’t yn Easterein berne is.
Fan herte lokwinske!!
Hjir kin de kaartsjes hinne:
Fam. Van Krimpen
It Risplan 8
8734 HT Easterein

Op nei de Kuip

“Hân yn hân”, dat wurdt it motto fan de reis dy’t yn 2007 makke wurde kin. Dirk Yde Sjaarda, fuotballer bij SDS 1 en supporter fan de klup fan Nederlân lanseart in geweldich plan.
Foar de Feyenoord-supporter
Der lizze plannen om kommend foarjier nei it moaiste stadion fan Nederlân te gean, om dêr
in thúswedstriid fan ús Feyenoord te besykjen. En dat yn in sfeer dy’t nergens oars yn’e Eredivisie te finen is. Dit barren sil plakfine op in snein yn maart of april en it ferfoer sil mei in bus gean fan út Easterein.
Dit bericht tsjinnet derfoar om SDS´ers dy’t harren oansprútsen fiele
 alfêst nijsgirrich te meitsjen. Mear ynformaasje folget yn’e kommende wiken, dus hâldt de SDS-webside goed yn’e gaten!!

Yn ´e midden
Ek foar SDS’ers is der noch wol in kans om oait by AC Milan fuotbalje te kinnen. Je hoefe je echt net te skamjen as je elke kear yn it midden stean tidens in rondo op trainen. Dit seit neat oer je kwaliteiten. Dit seit Jaap Stam hjoed yn de VI:
‘Bij AC Milan deden wij elke dag een rondo, maar Filippo Inzaghi deed vanuit zichzelf al niet mee. Want hij wist: dan sta ik toch alleen maar in het midden achter die bal aan te hollen. Hij kon niet mee in het snelle één keer raken.’

Harsens derby(43)!
Dat moatte je der hjir seker byhâlde(klik
hjir).