Evenementen in december 2022

Wepperkes -woansdei-
20 december 2006
Spanning en fermaak
22 december 2006

Futsal: SDS 1 ôfdrûge op Urk
SDS 1 hat juster mei 10-1 ferlern op Urk. Oan ’t de 1-0 foar Urk yn de 13e minút gie de wedstryd lyk op. De goal foar Urk kaam dan ek fanút it neat. It waard hjirnei gau 2-0 en mei de 2-1 fan Harm hie SDS efkes hoop op mear. Nei de 3-1 en in bal op de krúsing fan Robert krekt nei it skoft wie it dien wat SDS oangie. De SDS’ers sieten hjirnei al mei de holle yn de kantine oan de fleskes en de goals foelen foar Urk as ripe appels efter ynfalkeeper Jaap Toering. In wedstryd om gau te ferjitten. Hooplik is eltsenien mei de start fan de twadde helte fan de kompetysje wer 100% fit en kin der wer striden wurde foar elke meter.

Tikkie TerugJaap-klassemint
Juster kaam der eindliks wer ris ien by yn it Tikkie TerugJaap-klassemint. Willem Wijnia wist by Futsal 1 in prachtige eigen goal te meitsjen. Keeper Jaap hat de bal net iens sjoen. Willem skeat mei syn steanfoet(links) de bal mei in knappe lob fia de flechtheuvel yn de krúsing. Syn sere ljisk joech hjirby gjin hinder.

Kantine iepen
Fansels is jûn de fuotbalkantine iepen. SDS 1 sil traine en en om 20.00 kin de leafhawwers tafelfuotbalje. Om 21.30 begjint de kenniskwis mei Ype, Sjoerd en Daan.

Kwis
Spesjaal yn dizze drege wike foar Feyenoord(der moat in nije foarsitter komme) en alfêst foar it hân yn hân-gefoel in lyts kwiske. Foar ien fan de wepmasters wie dizze kwis net al te dreech(klik
hjir).

Harsens derby(44)!!
Dizze is spesjaal foar Willem W.(klik
hjir).

Hawwe jim noch nijs, mail it ús

 


Letter mear!