Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
13 november 2006
SDS League: Bruin Boys(SB) pakt de wykpriis!
15 november 2006

Futsal ! ferliest
De oprop oan de supporters om stipe te jaan oan de futsalploech fan SDS 1 hie sukses. Der wiene mei wat fantasij twa tribunes fol. It resultaat fan SDS 1 wie noch net goed. Mei 1-4 waard er ferlern fan Extator en dat wie flatteard. Dirk Yde Sjaarda skoorde it ienige doelpunt en foar de rest rekke SDS yn de lêste 15 minuten peal en latte en peal. It lok wie net oan SDS side en de Harnsers wisten goed om te gean mei de kânskes dy’t se krigen. SDS stiet no stiif ûnderoan.

Sealtraine
Kommende moandei 20 novimber giet it sealtrainen foar de jeugd wer los. SDS F4 en F5 meie moandei as earsten los. Sy traine om 17.00. Wy sille eltse wike hjir op de webside sette welke ploegen der dy wike sealtraine moatte. Klik
hjir alfêst foar de hiele list, print him út en hingje him op it húske.

Krysttoernoai
De lêste jieren docht der altiten in team fan SDS mei oan it Krysttoernoai fan Frentsjer. Sa ’t it no liket sil der no ek wer in ploegje hinne. It toernoai wurdt dit kear hâlden op sneon 23 desimber en (fansels) twadde krystdei, tiisdei 26 desimber.

Better op damjen?
Stoffel hat freedtejûn oan ’t simultaandamjen west yn Blauhûs. Begjinne mei kofje en gebak en ferfolgens los om 20.00 en om 0.30 wer klear. Stoffel wûn 13 kear, 1 kear waard it remize en 4 kear ferlear Stoffel. Hy wie bliid dat hy de sneons net hoefde te fuotbaljen want doe ’t hy ûnderweis nei hûs wie kaam de sinne hast wer op.
Dat je by damjen net blesseard reitsje kinne is in fabeltsje. Stoffel melde him fanmiddei alfêst ôf foar it trainen fan tongersdei. It is him fan ‘e wike yn de rêch sketten………..

Oebele syn roots
Skelte Anema is op syk gien nei de roots fan syn heit Oebele. Op it ynternet is in soad te finen en dit dus ek. Se lizze krekt oan de râne fan de prairie vlakbij de koetjeboerotsen yn Texas, sjoch mar(klik
hjir).

Wêr binne se bleaun (3)

At jim op de foto klikke, kinne jim krekt sjen wa’t it is. Wij binne benijd wêr’t hij bleaun is en at hij noch fuotballet.
Dan graach
in mailtsje.

Keatsnijs
Neist
www.vv-sds.nl folgje jim simmers fansels ek de KNKB webside. Yn dit artikel kinne jim lêze dat it takem jier allegear hiel oars wurdt mei in nije webside.

Bingo
Yn Wommels wurdt ien kear yn de moane in Bingo organiseare. De opbringst is foar in goed doel. Wa’t nocht hat kin jûn om 19.30 te plak yn it Dielshûs. De opbringst fan de bingo giet hielendal nei de stichting KiKa(
www.kika.nl).

Wommels-Easterein
By de A’s fleane op it heden de fonken der ôf op trainen. Dit is oan de stân yn de kompetysje dan ek wol te sjen. Eltse training wurdt ôfslúten troch in partij tusken Wommels en Easterein(en omkriten). Easterein hat aardich de wyn derûnder en ropt de Wommelsers op om mei namme de ….”harsens derby” te hâlden(klik
hjir).

Harsens derby!(21)
Dizze sprekt foar himsels……of is it harsels??(klik
hjir)