Wepperkes -tiisdei-

SDS 2 op ‘e foto!
13 november 2006
Wepperkes -woansdei-
15 november 2006

Na 22 jaren in dit leven….
Wij hawwe bij MyTube spesjaal efkes
in filmke oanfrege foar Tsjipke Okkema. Hij is hjoed jierdei.

Net yn ‘e buert fan taksi’s komme!!
Hie Pieter-Liuwe van der Valk dizze moanne syn horoskoop goed lêzen dan hie hy fêst lêze kinnen dat hy better net by taksi’s yn de buert komme moast. Foarige wike hie Pieter-Liuwe it hiele liif blau troch in sprong út in taksi en no rint hy op krukken om’t der in taksi oer syn rjochterfoet hinne riden is.

De teanen binne wat read en blau. Dit komt net fan ‘e kjeld.

Wêr binne se bleaun? (1)
Snein pleatsten wij de spilerskaart fan Nico Vijfhuizen. Wij binne bliid mei de reaksje fan alleswitter en dêrmei net foar neat kwismaster Freddy.:
Dit is Nico Vijfhuizen, in snoeihurde ferdediger. Verhuze nei Dedemsvaart. Spile der, at hij net skorst wie, yn it earste van DVC. In dûmny’s soan.

Wêr binne se bleaun? (2)
At jim op de foto klikke, kinne jim sjen dat dizze hjoeddeiske plysjeman yn Frjentsjer krekt net in strafblêd oprûn hat tidens syn keeperskarriere bij SDS. Wa wit hjir mear fan?

Wer yn Brazilië
Vitor is wer yn Brazilië mar hâldt noch altiten de SDS-side yn ‘e gaten. Ek hjoed seach hy wer efkes, want dit kamen wy tsjin by Webstats:
 13 november 13:03 Comite Gestor da Internet, Brazilië

Net foar in appel en in aai
Sprekkers op sponserjûnen binne yn. Wij seagen dat bij SDS mar ek bij oare klups. Der binne sprekkers dy komme foar in sûkerbôle en in flesse BB. Der binne ek sprekkers dy rekkenje wat mear.
Bijgelyks Co Adriaanse. Sjoch foaral efkes nei syn priiskategory.

Futsal: SDS 1 – Exstador
Moarntejûn in echte “kraker” yn sporthal De Greidhoeke. Om 20.30 spilet SDS 1 tsjin Exstador út Harns. Dit binne meatsentiids spannende wedstriden. Kom SDS 1 steunen want sy kinne it wol brûke!

Futsal: SDS 3
Justerjûn hat SDS 3 sealfuotballe út by NTW. Wy binne benijd wêr ’t NTW weikomt en hoe’t SDS 3 dêr fuotballe hat. Mail it nei info@vv-sds.nl.

SDS League
Der waard it wykein in soad skoord yn de eredivysje. Der wiene dus in soad punten te fertsjinjen. Der wienen ek in soad punten te fergriemen want b.f. Roorda(GRO) krige 7 goals om ‘e earen.
Jûn kinne jim hjir de nije stân fan de SDS-League besjen.

LC league

Ek dit jier dogge der wer hiel wat (âld) SDS-ers mei oan de LC koach fan it jier. De hechst notearde is Johan Delfsma. Hij stiet op plak 84 en dat is net min mei mear as 10000 dielnimmers.. Syn team sjoch er
sa út.

Harsens derby(21)!
Sa goed reitsje in bal net faak(klik
hjir).