Wepperkes -tiisdei-
7 november 2006SDS League: 2 wykpriiswinners!
8 november 2006Trije jonges
Sieta Visser fregt har ôf at er ek in ynstruksje is foar fuotballers. Yn dy ynstruksje soe stean moatte wat de jonges dwaan moatte at de wedstryd dien is. Want hoe krije je alle goeie klean, hândoeken en fuotbalskuon wer thús. It djiptepunt wie dizze wike doe’t der in ferkearde tas yn de garaazje stie mei allegear ferkeard spul.
In oprop op dizze side soarge der foar dat der immen lâns kaam om de tas te ruiljen. Dêrmei wie noch net alle lijen foarbij. Want doe’t de tas ophelle waard siet it spul der net mear yn want dat siet yn de wask. It is yn alle gefallen wis dat er immen twa kear nei huize Visser moat om it goeie spul wer bijelkoar te krijen. En dat allegear omdat ien fan de jonges fan Sieta de ferkearde tas meinommen hie.
At er in ynstruksje makke wurdt, wol Sieta der graach trije ha……
Foarbeskouwing
Fan Dirk-Yde Sjaarda krigen wy in prachtige foarbeskouwing op de wedstryd fan SDS futsal 2 tsjin Genemuiden 2. Sy spylje jûn yn sporthal d’Overtoom yn Genemuiden tsjin elkoar. Klik hjir om it te lêzen.
Futsal 3
De sealfuotballers fan SDS 3 spylje jûn om 21.30 tsjin WZS 6 yn de Greidhoeke. Eltsenien is wolkom om dizze wedstryd te besykjen.
Stân SDS League
Jûn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League ferwachtsje.
Sjochoperaasje
Marcel Frankena hat moandei nei syn knibbel sjen litten troch in spesjalist. Dy koe der net folle mei. Marcel moat no binnenkoart foar operaasje om te sjen wat der allegear kaduuk is yn de knibbel.
Ald tsjin jong of …..
Al jierren wurdt er tongersdeis fuotballe tusken jong en âld. In maklike wize om partijtsjes yn te dielen. Moandeitejûn tidens de ledengearkomst krigen wij in goed alternatyf te hearen: Wommels tsjin Easterein. Wij binne benijd wêr’t Hinnaard bij heart.
De fuotbalkenniskwis
Hâldt de folgende data frij:
23 novimber: Willem, Lolke en Wichard
7 desimber: Jildert, Feiko en Gearard
21 desimber: Ype, Daan, en Sjoerd
It begjin alle kearen om 21.30 oere, sadat der earst noch efkes traind wurde kin.
Harsens derby!!(18)
De bal leit der kreas yn(klik hjir).
Letter mear!