Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
6 november 2006
Wepperkes -woansdei-
7 november 2006

Bestjoergearkomst
Justerjûn wie de bestjoersgearkomst. Wij hawwe
in oantal saken registreard, sûnder folslein te wêzen.

Tinus, Rienk en Eddy nei de gearkomst at it der allegear op sit….


At jim Eddy de kommende tiid dûbel sjogge dan leit dat net oan te folle sapkes. Eddy draacht him sels mei op in teasjurt.

Nije foarsitter

Douwe-Dirk Reitsma is justerjûn op de jierfergadering oannommen as nije foarsitter fan SDS. Hy folget Rienk Wiersma op dy ’t dit 5 jier dien hat.

Op koers
SDS 3 wûn sneon knap en mei gemak de topper fan Makkum 2. Klik
hjir foar it ferslach fan Zellof(Gerlof Veldstra).

Futsal 2
De sealfuotballers fan SDS 2 spylje moarn út tsjin Genemuiden. Letter hjoed hjir de foarbeskouwing fan Dirk-Yde Sjaarda op dizze wedstryd. As syn komputer tenminste it ynternet wer op wol.

Berenloop
Samme Overal en Marten Faber hawwe snein tegeare de Berenloop fan Skylge rûn. Hjir in foto makke troch Dirk-Yde Sjaarda krekt nei de finish.

Beide mannen binne mei nammen bliid mei de oerwinning fan Feyenoord……

SDS League
Dizze wike wurdt it jild by eltsenien ôfskreaun dy ’t meidocht oan de SDS League. Ek de earste wykprizen wurde útkeard.

Stân SDS League
Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League ferwachtsje. Wy joue Manchester United(JK) en De Hoannebiters(RS) in knappe kâns. Beide ploegen spylje mei Slory(EXC) yn de basis.

Kano boppe wetter
Ates Feikes de Boer lit ús witte dat syn kano wer boppe wetter is:
Nei in soart tips, werfan net ien brukber wie, binne
we in grutskeepse sykaksje begoen. Dit resulteare yn
it fynen fan Angelos, op in steiger even fjirderop…
Hearlik..

Harsens derby!(17)
Knappe gooooooooooal(klik
hjir).