SDS League: 2 wykpriiswinners!

Wepperkes -woansdei-
7 november 2006
Wepperkes -tongersdei-
9 november 2006

Pieter Kamstra en “Geen Klaas-Jan” fan Freddy en Sicco Scheltema pakke dizze wike de wykpriis mei beide 49 punten. Pieter Kamstra docht hjirmei goeie saken want hy giet nei it 2e plak. Freddy en Sicco witte harren ear in bytsje te rêden mar bliuwe fier ûnder hun kinnen presteren op it 39e(fan 60!) plak.
 

Me Safe fan Tseard Halbersma docht it dizze wike mar knap. Hy giet fan 10 nei 7. Wol sneu dat hy ien punt te koart kaam foar de wykpriis.

It bliuwt spannend boppe-yn. It ferskil tusken de nûmer 2(Pieter Kamstra) en de nûmer 6(De Vinnige Frikandel) is mar 5 punten. Tom, Pieter & the Heartbreakers stean fier boppe-oan mei 10 punten foarsprong op de nûmer 2.

Fan Manchester United(JK) en de Hoannebiters(RS) hienen wy dizze wike wat mear ferwachte. Beide spylje mei Slory(EXC) yn de basis. Dizze skoorde 2 kear.

Tsjeard Hofstra hat selskip krigen op it lêste plak. De Pyromaan fan Ralph Wariman hat no likefolle punten. De Pyromaan wie dan ek de grutste ferliezer fan ‘e wike mei mar 21 punten.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 7.