Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
9 oktober 2006
Wepperkes -tongersdei-
12 oktober 2006

Futsal 2 wint
Tsjin de “skytyndebroek” tsjinstanner Haskerland helle SDS 2 al wer in oerwinning. It duorre efkes foardat de doelpuntenmasjine op gong kaam. Dirk Yde skoorde 3 kear, Skelte 2 kear en Pieter 1 kear.  Haskerland skoarde 2 kear. Einstân 6-2.
SDS 2 hat no 4 kear wûn, mar makket him noch net op foar it kampioenskip. “Der sil noch wolris in dipke komme” wiene de wurden fan it technysk duo Samme en Gerard.
De altiten tige behearste Skelte krige giel.

Futsal 3 wint ek?
Mei noch in kertier te gean stie Futsal 3 ek foar tsjin FCL 11. Wij binne benijd hoe’t it ôfrûn is.

Futsal 1?
Hoe is it Futsal 1 fergien yn Frentsjer tsjin ZVF? Wy hawwe noch gjin tillefoantsje hân fan Willem Overal dat wy tinke dat sy ferlern hawwe.
Wa ’t de útslach seker wit mei it maile nei info@vv-sds.nl!

Spilersrie

SDS 1 hat sûnt koart ek in eigen spilersrie. Dirk Yde, Tsjipke Klaas en Floris Geert binne de earste leden.

Fuotbalkwis
Woansdeitejûn binne Fred en  Aant dwaande west om de fjirde fuotbalkwis ta te rieden. De data wurde moarn bekind makke en wurdt er fansels in oprop dien om mei te dwaan.

Letter op bêd
Wij kinne ús noch goed herinnerje doe’t wij jong wiene dat de jierdei net allinne moai wie fanwege de pakjes, mar ek fanwege it feit dat je fanôf dat momint wer wat letter op bêd mochten. Normaal per jierdei in kertier, mar bij rûne getallen in heal oere. Bij 10 jier wie dat de earste kear dat je dat heuglike feit meimakken. Wij seagen yn ús
jierdeikalinder dat Foeke Dirk Reitsma (E1) fanôf moarn in heal oere letter op bêd mei (fan ús). Fan herte.

Oare drokte
It jeugdbestjoer lit ús witte dat Klaas Sixma troch te folle jûn- en nachttsjinsten sels fynt dat hij better stopje kin mei lid te wêzen fan it jeugdbestjoer. Ek op dizze wize sizze sij Klaas tank foar syn wurk.

Blessure
At je sporte dan witte je dat je in blessure op rinne kinne. Mar dat je dat bij de earste de beste
traap der net goed mear opstean kinne is wol hiel tryst.