Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
8 oktober 2006
Wepperkes -woansdei-
10 oktober 2006

Futsal
Woansdeitejûn wolle jim de bal wierskynlik ek roljen sjen. Jim kinne dan kieze. Kieze tusken it twifeleftich optreden fan  Marco van Basten en syn manskippen of it diedkrêftige liederskip fan Gerard van Asselt en Samme Overal. Want futsal 2 spilet om 20.00 yn de sporthal yn Easterein tsjin Haskerland 1. Dêrnei spilet Futsal 3 ek noch thús.
Futsal 1 spilet út tsjin ZVF.

Meinte Sixmatoernoai
Folgende wike sneon, 21 oktober, organiseart de jeugdcommissie wêr it jierlijkse Meinte Sixmatoernooi foar D, E en F-pupillen. It is alwer de 8e edisje en we hoopje op mooi waar. Foarich jier had Pieter Groeneveld sels foar Radio Markant in interview joen. Soe hy dit jier wer foar in stunt soargje? In elts gefal roppe we eltsenien op om de jongste jeugd fan SDS oan te moedigjen.
It toernooi begjint om 10.00 oere. De pupillen wurde om 9.30 oere ferwachte oanwezich te wêzen sadat de organisaasje de yndielingen fersoargje kin.
Dus, kom allegear nei it Meinte Sixmatoernooi!!

Anco Elgersma

Ferslach SDS 3
SDS 3 die sneon goeie saken troch mei mar leafst 7-1 te winnen fan SC Berlikum 2. Klik hjir
foar it ferslach fan Liuwe Meijer.

Nije sponsors
Anne Stenekes wie ôfrûne sneon net sa wiis mei de nije sponsorde sjurts fan SDS 2. Sels wurket hy by Makelaardij Sneek en syn freondinne is eigner fan kapsalon Metz style yn Wommels. Anne spile dus sneon mei 2 konkurrinten op it sjurt.




Fier fan hûs
De measte fuotballers spylje meastentiids it leafst thús. Je hoefe net fier te reisgjen, je kinne thús noch ite en as it treft binne je moai op ‘e tiid wer thús. Sjoerd Rispens treft it wat dat oangiet dit seizoen net. As wy de oefenwedstriden mei rekkenje dan hat Sjoerd oan ’t no ta 10 kear fuotballe. 9 kear dêrfan spile hy út….

Net fier fan hûs
Anne Stenekes treft it mear mei de thúswedstriden. Hy hat oan ’t no ta 6 kompetysjewedstriden fuotballe. Dizze wedstriden spile hy sa ’n bytsje om en om foar SDS 1 en 2. Oan ’t no ta spile Anne alinne noch mar thúswedstriden en…….. hy hat noch net in wedstryd ferlern.

Fuotbalheit
Fan de lieder fan Buitenpost 1, Riemer Riemersma, krigen wy de folgende tip. De heiten en memmen sitte der boppe op by harren soanen dy ’t by Ajax fuotbalje. Heechstwierskynlik is dit dan ek de reden wêrom Ajax de Champions League mist hat(klik hjir).

File parkere
Dit item is spesjaal foar de memmen dy ’t sneon mei harren soan op paad moatte om te fuotbaljen. It parkeren by fuotbalferienings wol noch wolris in probleem jaan. Dêrom spesjaal foar dizze memmen in kursus file parkere(klik hjir). Ek de heiten is it oan te rieden.

Utgeanstip
It giet te fier om in oprop te dwaan om de training foar tongersdei mar ôf te sizzen. Oars diene wij dat om jim oan te fiterjen om in moaie kulturele jûn te ûndergean yn it Dielshûs. Tryater spilet dêr in Lette Ropping “in geastige skets oer in minsklik drama“.
Alle net fuotbaljende lêzers hoege net ôf te sizzen sij kinne samar gean.