Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
10 oktober 2006
Wepperkes -freed-
12 oktober 2006

Futsal: SDS 1 ûnderút
Fan Dirk-Yde Sjaard krigen wy it berjocht dat SDS 1 juster heechstwierskynlik mei 7-3 ferlern hat fan ZVF.
Wa der mear fan wit mei maile nei
info@vv-sds.nl.

Futsal: SDS 3 wint

S.D.S 3 stond na 15 seconden al achter met 0-1 door een mooi e.d. van Jacob, maar maakte het toch in het verloop van de wedstrijd goed met 2 goeie goals!
S.D.S won de wedstrijd gelukkig door goed keeperswerk van Tsjerk Okkema met 5-3! De overige goals werden gemaakt door Johan en Hampie 2X.
Harm-Auke Dijkstra

SDS 1 – QVC 1
Sneon spilet SDS 1 thús tsjin QVC 1. In wedstryd tusken de nûmer 2 en de nûmer lêst. Wy krigen fan Jan Dijkstra fan Voetbalnederland(û.o.
Voetbalnoord) in útgebreide foarbeskouwing op de wedstryd fan sneon(klik hjir).

Moai by de noas
De trainer fan SC Franeker 1, Niels Overweg, hat himsels raar by de poat no ’t hy ûntslein is troch syn klup nei it akkefytsje fan snein. Eltsenien hat it fansels lêzen yn de krante, mar wy fûnen dit stikje ek wol aardich(klik hjir).

Fritz Korbach
Fritz Korbach is wer hielendal de âlde. Hy stiet dizze wike mei in grut ynterview yn de Voetbal International en seit der wer topfit út te sjen en wer hielendal klear te wêzen foar in klup yn it betelle fuotbal.

Sa seach Korbach der noch út op de sponsorjûn by SDS yn maart.

Korbach-quote
‘Als de kop van een speler me niet aanstond nam ik hem niet’ 

Fritz Korbach (Voetbal International)

Harsens derby(1)
It is miskien in bytsje flauw, mar dizze ynkopper kinne wy net rinne litte. SC Cambuur hat in nije 2e keeper helle om ’t harren earste keeper Peter van de Vlag blesseard rekke is. Cambuur hat Victor Kros oanlutsen. Hooplik foa Cambuur wurd Van der Vlag wer gau fit(klik
hjir).