Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
24 september 2006
Wepperkes -woansdei-
26 september 2006

Famkesalvetal by SDS?
In oantal famkes ( 14 – 15 jier ) hawwe Marcel Frankena strikt om hun jûn training te jaan tusken 6 en 7 oere.
Soe dit it begjin wêze fan wer in famkesalvetal by SDS??

Bin dit takomstige SDS’ers?

Bijbaantsje?
Hjir de reaksje noch fan Mark Postma op it stikje wat foarige wike hjir op de webside stie oer it ôfranseljen fan spilers nei in minne wedstryd:
Ot Marcel syn kontakten by Cambuur d’r by hellet sille we net ôfranseld wurde, mar sille in boete krije foar minne prestaazjes, of mutte we dan ús sels in boete oplizze, soe handich wêze ot je de hichte derfan dan ek sels bepale kinne…
Dat se by Cambuur net echt rie witte mei jild is us allang bekind, dat se no dus in finansjeel manager siikje is derom ek net ferkeerd.
(sjoch
hjir, hjir en hjir)
’t Is dat ik al in stageplak ha. Bijbaantsje (3 dagen!) foar ús ponghalder miskien?
Groeten, Mark

Benadere?
Soe Marcel Frankena al benadere wêze om Roy Wesseling op te folgjen by Cambuur oer 2 wedstriden?

SDS League
Moarn kinne jim hjir de nije stân ferwachtsje.

Hoe sit it no?
Wy snappe der neat mear fan. It futsalprogramma foar moarn sjocht der sa út:

27-09-2006 21:00 SDS 2 – MKV’29 2 Boer (BFWT88M- (0), J de
27-09-2006 21:10 SDS 3 – Friesland 3 / Café Coby Modderman
27-09-2006 20:00 Oeverzwaluwen 1 – SDS 1 Boer (BFWT88M- (0), J de


Sa sit it net
Skiedsrjochter De Boer sil dus earst SDS futsal 1 fluitsje om 20.00 yn Koudum en moat dan hiel hurd fanút Koudum nei Easterein om om 21.00 SDS futsal 2 fluitsje te kinnen….. De KNVB haldt der rekkening mei hat hy dit net rêdt en lit SDS 3 om 21.10 fuotbalje mei in oare skiedsrjochter.

Sa sit it al
SDS futsal 1 en 2 spylje moarn beide yn Easterein. SDS 1 om 20.00 en SDS 2 om 21.00. SDS 3 moat nei Ljouwert ta. Wêrom dit allegear sa regele is witte wy net.

Futsalprogramma
Letter dizze wike kinne jim it futsalprogramma fan SDS 1 foar it hiele seizoen hjir besjen. Wy hoopje ek dy fan SDS 2 te pakken te krijen.

Nije haadsponsor
By de vv Balk waard sneon de nije haadsponsors foarsteld oan it publyk. It fjild like wol in bêrnebuorkerij(klik hjir).

K(ol)laas(je)
Klaas is juster 50 wurden. Dat sil der grif goed fierd hawwe. Wij seagen noch efkes yn ús fotoarchyf en at jim op de foto klikke dan sjogge jim it wat better.

Harsens derby?
Dit sil de futsalkeepers fan SDS net gau oerkomme(klik hjir).