Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
3 september 2007
Seleksjes sneon 8-9
7 september 2007

Futsal
SDS 1 spile jûn syn earste kompetysjewedstryd. Sy moasten om 20.00 thús tsjin ZVF. It wie de muoite wurdich want SDS wûn mei 3-2. Bij it skoft wie it noch 0-0. Nei it wetter kaam SDS op 1-0 troch Anne, ZVF makke gelyk gelyk, kaam op 1-2 foar, mar Skelte makke doe de gelykmakker en 2 minuten foar de ein wie it Harm nei in aksje fan Robert dy’t de 3-2 oantekene.

D1 wint
D1 spile jûn foar de beker tsjin Mulier. It waard in 4-0 oerwinning. Miskien kin ien fan de jonges de doelpuntenmakkers noch efkes trochjaan.

LC-coach
24 SDS-ers stride bij de Ljouwerter Krante om de heechste eare. Jim kinne nei
trije wedstriden al sjen, wa’t er ferstân fan hat.

Strafskoppen
Dat is in tema wêr’t je better mar net oer ha kinne bij SDS. Se wolle te folle mist. Wij tinke dat oan dizze generaasje neat mear te rêden is. Derom rjochte wij ús mar ta de jeugd. Wij riede harren oan om goed te oefenjen. Dat kin
hjir.

B1-kompleet
Se winne noch net sa faak dit jier, mar harren diel fan dizze side is wol kompleet. Sjoch
hjir it B1 team.

Treffer april
Yn de Treffer fan april 2007 hienen wy in petear mei, supporter om útens, Cris Resing. No wol Chris sels dy Treffer ek noch wol graach lêze, mar wy hawwe him net mear. Wa kin Chris helpe oan de Treffer fan april? Mail
ús!

Mar net stopje

Wij tinke dat Klaas Pompstra en Anne Brouwer foarloapich net ophâlde mei flagjen.

SDS League
It kostet €12,- om mei te dwaan oan de SDS League, mar hjirmei binne dan ek aardige prizen te winnen:

1e priis: € 100 6e priis: € 20
2e priis: € 75 7e priis: € 15
3e priis: € 50 8e priis: € 10
4e priis: € 40 9e priis: € 5
5e priis: € 30 10e priis: € 2
Lêste: Poedelpriis  
Eltse wike is der de wykpriis: €12,-
Klik hjir om ek mei te dwaan oan de SDS League.

Tips
Komme je der net út mei je team foar de SDS League, dan hawwe wy wol wat tips foar jim. Op goal soenen wy sette;
Babos(NAC). Hienen wy in keeper út de Jupiler League kieze mochten dan keazen wy foar Van der Hoeven fan Volendam. Wy geane dus dúdlik foar de poedelpriis.

Letter mear!