Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
23 mei 2006
Wepperkes -tongersdei-
24 mei 2006

De SDS WK League
It is safier!! Jim kinne jim ynskriuwe foar de SDS WK League. Klik hjir om der alles oer te lêzen en it dielnimmersformulier del te heljen.

Kampioenswedstryd!!
De sealfuotballers fan SDS 2 kinne jûn yn Vledder tsjin Old Forward kamioen wurde. De folgende spilers binne selekteare: Mark, Jan-Simon, Tseard en Tseard, Feite, Skelte en Pieter. Wy winskje harren in soad sukses!!!

Lieders E -top!!!
Fan alle E-teams hawwe wij in jieroersjoch krigen. Klasse hearen lieders.
Ek bij de C-s is it klear. Wij wachtsje noch op:
A2 , B 1, D 1 en D 2, F 1, 2,3,4,5 , SDS 5 en Futsal 3. Graach úterlik tongersdei binnen oars fermelde wij allinne de stân.

SDS en Talpa
10 SDS’ers hawwe juster yn it Abe-Lenstra stadion west om de kameras fan Talpa te testen. Sy mochten net oan de knoppen komme mar mochten wol 100 korners fan rjochts en 125 fan links, 150 pingels en 500 frije trapen fan links en 540 fan rjochts nimme. Dit op beide helten in kear. Rekkenje de slow-motions en reclames derby en sy binne dus in skoft ûnder de pannen west. Letter hjoed komme de foto’s.

11 stêden rintocht
Yn dizze reinige wike wurdt de 11 stêdenrintocht holden. Fannemoarn kamen se  troch Snits en ien fan ús hie de twifelechtige ear om it stimpel oan te bringen op de kaart fan Jelle de Boer, dy’t yn selskip fan Jan van Asselt rûn. Se wiene gelokkich noch fol goeie moed.

Swarte list mei sleauste leden
It hat lang duorre mar wij kinne no dochs de list mei sleauste leden presinteare. Undanks in formulier yn febrewaris, in oprop yn de Treffer, in formulier yn april, 20 fermeldingen op ynternet, in nije oprop yn de Treffer, in tillefoantsje fan Eddy , noch in tillefoantsje fan Eddy en in persoanlike konfrontaasje is it de folgende 5 leden net slagge om in formulier mei pasfoto yn te leveren.Uteinlik binne wij no benijd wa’t der dit jier mei de titel “sleauwerik” fan troch giet.It is om te janken!!!!

Y.   BURGGRAAFF LOLLUM
TJ   HOEKSTRA EASTEREIN
D   KOOL KUBAARD
C   GAASTRA EDENS
W.H.  VD SCHAAR WOMMELS

Wat binne se feroare
Yn de rubryk  “wat binne se feroare” dizze kear wer in foto fan sa’n 30 jier lyn. Hij is noch altiten aktyf bij SDS. Op dit stuit as lieder fan D2


Efkes bolje
Wa ’t jûn efkes nocht hat om te fuotbaljen kin om 19.30 terjochte op it fuotbalfjild fan Wommels.