Wepperkes -tiisdei-

SDS 2 te tippen!
23 mei 2006
Wepperkes -woansdei-
23 mei 2006

De SDS WK League
It is safier!! Jim kinne jim ynskriuwe foar de SDS WK League. Klik
hjir om der alles oer te lêzen en it dielnimmersformulier del te heljen.

SDS 4 spile fertsjintlik gelyk
SDS 4 hat sneon de lêste wedstryd gelyk spile tsjin kampioen Oeverzwaluwen 3. It waard 3-3. SDS kaam mei 0-2 efter, mar twa assisten fan Wichard Deinum op topskoorder Ype Tiemersma  brocht SDS op gelikense hichte. De Koudummers kamen noch wol op 3-2 mar it slotwurd wie fan Pytrik Hiemstra. Hij skoorde de 3-3.

Ype Tiemersma topskoorder
Yn 2004/2005 wie Gearard Posthumus mei 19 doelpunten topskoorder. Ype Tiemersma wie doe twadde mei 18 doelpunten. Nei dit seizoen stiet Ype op 19 doelpunten en ek hij is dêrmei topskoorder fan SDS.
De komplete list kinne jim
hjir sjen.

Talpa
Guon spilers fan SDS sille fanmiddei nei it Abe-Lenstra-stadion om dêr efkes te fuotbaljen foar de kameras fan Talpa. Sy fertrekke om 15.30 út Easterein. 

Veteranen kompetysje
Foar takem jier leinen der plannen om de feteranen fan SDS wer bijelkoar te setten en mei dwaan te litten yn de feteranenkompetysje. Sa’t de berjochten no binne, giet dat net troch. De KNVB stoppet mei feteranenfuotbal.

Wat binne se feroare
Yn de rubryk  “wat binne se feroare” dizze kear in foto fan sa’n 30 jier lyn. It is net syn broer mar dochs in Bootsma.