SDS League: 2 wykpriiswinners!

Wepperkes -tiisdei-
4 april 2006
Wepperkes -woansdei-
5 april 2006

It binne dizze wike De Neibouwers(PW) en BV Veendam(BG) dy ’t de wykpriis pakke. Sy hienen beide 35 punten en bleaunen hjirmei SCF(MH) 2 punten foar.

Pieter moat syn wykpriis al dele.

Boppe-yn de ranglist feroaret der net folle. De nûmers 1 oan ’t en mei 6 bliuwe allegear stean. SCF(MH) rint wol efkes 10 punten út op nûmer 2 De Farobies(LdJ).

Klussen is mijn leven(AFdB) dondert út de top 10 en giet fan 9 nei 12.

De koach fan “SDS A1 op naar de top”(FB) hat in best wykein hân. Earst efkes 3 kear skore by A1 en dêrnei ek noch 32 punten pakke yn de SDS League. Hy giet dêrmei fan 28 nei 20.

It giet Feiko aardich foar de wyn.

De koaches dy ’t Farfán(PSV) yn de ploech hawwe wienen dit wykein net ûngelokkich. De frije traap dy ’t hy opside lei foar Alex dy ’t skoorde waard rekkene as assist.

De topper fan ‘e wike wie Kalou(FEY). Hy pakte 11 punten.

Moat hy fan ’t simmer dan dochs mar mei it Nederlâns alvetal mei??

De Cornelissen(KA) dogge it dizze wike net sa best. Nei in knappe ynfalbeurt fan dizze koach by SDS 1 bakt hy der mei syn ploech yn de SDS League neat fan. Hy pakte dizze wike 0(!) punten en is dêrmei de “ferliezer fan de wike”.

Pik Andijvie(F en SS) is eindlik fan it lêste plak ôf. Hy gie net allinne Team Kooistra(HK) mar ek Jeroen(JB) foarby. Team Kooistra is no de nije nûmer lêst. 

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 9.