SDS League: Pieter Kamstra pakt de 1e priis!

Âld-winners SDS-League
22 december 2004
Wepperkes -tongersdeitejûn-
23 december 2004

Sa as ferwachte pakt Pieter Kamstra út Hinnaerd de wintertitel yn de SDS League. Ek yn de lêste wike bliuwt hy de rest in ein foar. Pieter fan herte lokwinske!! Do silst it jild fêst brûke om op 24 febrewaris mei SC Heerenveen nei Newcastle te gean.

It is úteinlik Zero Tolerance fan Bas van der Wey dy ’t de 2e priis pakt. Hy komt krekt in puntsje heger út as The Mean Machine fan Sybren Wesselius. It is opfallend dat sawol de nûmer 2(Zero Tolerance) as de nûmer 4(The Jelsmanian Devils fan Jan Simon Jelsma) net ien kear de wykpriis wûn hawwe.

De Voortzetting fan Samme Overal die ’t dizze kear wer knap en pakte de 5e priis.
 Samme kin moarn wol wer sa nei ’t wurk.

Durk Okkema pakt knap it 9e plak. Helaas foar him sil dit net genôch wêze. Hy die mar foar ien doel mei en dat wie om boppe Hey Ho Let ’s Go fan Willem Wijnia te eindigjen. Dizze waard helaas 6e.

Omheech fan Minne Joustra stie 10e forige wike en soe noch ien kear flamme om yn de top 10 te kommen. Dit is net hielendal slagge. Hy sakke nei nûmer 17.

Sabetocht.nl lit dizze wike ek fan him heare. De Verstandhouding fan Hendrik Engbrenghof pakt tegeare mei De Kapitein fan Henk Postma de wykpriis.

Te Plak(Annemarie en Petra Wijnia) en Robert Sybesma begienen de earste wike fan de SDS League knap mei in 1e plakje. Dêrnei koe it allinne mar minder wurde. Sy waarden úteinliks 57e en 58e.

OKB(Op Klompen Begonnen) fan Sjouke Sjoukema is stiif lêst wurden. De Poedelpriis is dan ek dik fertsjinne.

De klompen nochris wêr as Sjouke op begûn is.

Ûnderoan dizze side stean de prizen.

Oan ‘ t de folgende SDS League! Mits jannewaris kinne jimme hjir en yn de Treffer alles dêroer lêze. Wy hoopje dan al op wat mear dielnimmers.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de einstan:
einstan SDS League(wike 14)


Prizen!!

1e priis:           € 100              
2e priis:           € 75
3e priis:           € 50 
4e priis:           € 40
5e priis:           € 30
6e priis:           € 20
7e priis:           € 15    
8e priis:           € 10
9e priis:           € 5
10e priis:         € 2
Lêste:          Poedelprijs