Wepperkes -tongersdeitejûn-

Ut de seal
13 oktober 2004
Seleksjes SDS 2,3 en 4 sneon
15 oktober 2004

SDS 1 wint oefenwedstriid
SDS 1 hat justerjûn yn it Cambuurstadion mei 4-3 fan Stiens wûn. De doelpunten fan SDS waarden makke troch Dirk-Yde, Mark, Floris en Henk. It wie neffens de ferhalen in minne pot. Dit soe meinamme komme troch it stroefe fjild. Hendrik de Jong hat rêstich oan dien en sels mar net skoort, benaud dat der oars troch Cambuur frege wurdt om dêr te boljen de rest fan it seizoen.

Ljochten oan?

Foar eltsenien wie it juster in aparte erfaring om yn it Cambuurstadion te fuotbaljen. Je binne dan ek altiten wat zenuwachtig en je komme dan wolris wat nuver út de hoeke. Sa frege Appie(flaggenist) de hinnereis oan Anne Brouwer: “gjin jûn de ljochten ek oan?”

Skoute
Net allinne Cambuur wie der justerjûn om spilers te skouten. Ek Kees Jansen(âld-trainer SDS) wie der foar CSL. Soe der fuotballers by Stiens wei helje wolle?

Oefenje
Op tongersdei 11 novimber spilet SDS 2 in oefenwedstriid tsjin HJSC 1. Dizze wedstriid wurdt om 19.30 oere spile yn ‘e Hommerts op hun skitterende nije fjild(mei ljocht!).

Futsal: SDS 2 hâldt moed
It 2e sealteam hat dan juster wol mei 9-2 ferlern fan Ens yn ‘e Evert van Benthemhal, mar sy hâlde moed. Lês
hjir it ferslach fan Skelte Anema. Sels Evert van Benthem kaam spesjaal oer út Canada om SDS 2 in hert ûnder de riem te stekken yn syn hal (sjoch hjir).

SDS F3 op Omrop Fryslân-side
Op de webside fan Omrop Fryslân kinne jimme de foto besjen fan SDS F3. Hjirmei wurdt dúdlik makke hoe
populair it fuotbal op it heden is by de jongerein. Klik
hjir foar de side fan Omrop Fryslân.


Douwe Kool nije kandidaat
De spilers fan SDS 3 hawwe Douwe Kool nei foaren ta skeaun om ek mei Hendrik de Jong en Dennis Dijkstra mei te drafen om te sjen wa as it snelste is fan SDS. Wy stelle dan ek mar foar dat SDS 4 en 5 ek beide noch in spiler opjaan moate om eltsenien like folle kâns te jaan. Wy binne benijd.

Allegear yn ‘e war?!
No wie de Ljouwerter Krante op de foto al goed yn ‘e war mei Floris en Gert-Jan. Ek tusken mij en Hendrik bestie der wat ûndúdlikheid. Want hie ik no it twadde doelpunt makke of Hendrik? Hendrik dus. Al mei al, de LC hie der nochal wat muoite mei om de spielers út elkoar te hâlden.

No lêsde ik hjoed it wedstriidferslach yn ‘e Snitser krante fan moandei. De Hiemstra’s koenen sy wol útelkoar. Want folgens hun scoorde Floris it earste doelpunt. Wat dus ek goed wie. Mar wer hellen se Hendrik en mij trochelkoar. Op ‘e foto dy ‘t boppe it ferslach stiet, skriuwden se dat Durk-Yde oanjouwer Harm Stremler omhelst en Hendrik ‘triomfantelijk’ de han omheech stekt. Wylst we toch echt dúdlik herkenbaar op ‘e foto stean. Ek hie ik wer scoort. Safolle lykje wy net opelkoar toch?

Mar de echte klapstuk fan it ferhaal wie it folgjende. Ik citeer: “Bij een counter ging de defensie van Nijland niet vrijuit zodat Hendrik de Jong de bal eenvoudig meekreeg. Voor doelman Van der Kamp legde hij de bal beheerst breed op de meegelopen Hendrik de Jong de eenvoudig binnenschoof.” In goal plus in assist op namme fan Hendrik. Dûbele punten yn ‘e League soenen je tinke. No wit ik net wat fan minsken der bij die krante wurkje, mar hjir ha je gjin IQ fan boppe de 100 foar noadich om te snappen dat dit net kloppet. In portie sûn ferstân liket my genoch.

 

It liket dus ferskrikkelik moeilik om in klopjend ferslach te skriuwen. Miskien moatte dy journalisten mar in programmaboekje mei nammen en pasfoto’s foar de wedstriid krije. Oh ja, oer programmaboekjes sprutsen. Ik soe graach sjen wolle dat myn namme tenein skreaun wurd as Dirk-Yde en net as Durk-Yde. Om de ferwarring noch wat grutter te meitsjen ha ik wol graach dat ik oansprutsen wurd mei Durk-Yde.

Groetnis Dirk-Yde