Wepperkes (tongersdeitejûn)

Sealwepperkes (tongersdeitemiddei)
16 september 2004
Seleksjes SDS 1 en 2 moarn
17 september 2004

Strafskoppen fataal foar veteranen

De bekerwedstriid fan de feteranen fan SDS einige yn 1-1. Heech wie de betere ploech mar de echte en goeie kansen wiene der foaral foar SDS. Nei 20 minuten mocht Ype Tiemersma oanlizze foar in strafskop en hy die dat goed. Dêrnei moast SDS alle silen bysette om de Hegemers net te ticht by it doel fan Jappie Wijnia komme te litten. De efterhoede mei Jacob Plantinga as fuotbaljende en ferbale lieder slagge dêr goed yn. Seker mei in kondisjoneel tige sterke Wouter Hylkema dêr krekt foar.

Ek yn de twadde helte it selde byld. Grutte kansen foar SDS en kanskes foar Heech.

Dochs kaam Heech 10 minuten foar de ein op 1-1 troch in kopbal út in korner, neidat se earst earst de latte al rekke hiene.

Yn it dochs wol wat skimerige ljocht bleau it 1-1.

De strafskoppen waarden in drama. Tefolle SDS-ers woene yn it Clarence Sluierklassemint. Roel, Jacob en Jappie misten. Heech miste mar twa kear.

 

Nije skuon

As fuotballer moat je meast nije skuon hawwe, at de âlden fersliten binne. Der binne lykwols ek oare redenen. Sa wist Jelle de Boer te melden dat de kat syn skuon der ûndermiechd hie en dat dy stank der net mear út te krijen wie. “Net allinne de skuon mar ek de hiele romte wêr’t se lein hiene, doe’t de kat dêr yn fakansjetiid in wike yn opsluten sitten hie, bleau stjonkerige “

It gefolch wie dat er in oantal twifelen at se wol by him yn de auto woene nei Heech ta, want de kans dat dêr ek noch in luchtje oan siet wie dochs wol grut.

 

SDS
Wy binne wer bliid mei twa reaksjes op ús fraach wat SDS noch mear betsjutte kin.

Hinke Kuiper skriuwt: Doe’t SDS net safolle jild hie waard it: Steun Die Stakkers! Batsen jild ha se doe binnen helle!

Ids de Boer skriuwt:
ik tink dat it Spylje Douche Sûpe is


Fisk

De gehaktpanne stie yn Heech net oan. Dochs wiene der hongerige blikken by de feteranen doe’t se yn de kantine yn Heech sieten. Ype Tiemersma hie in tige smaakfolle oplossing. Hy hie 3 rikke tongfisken bringe litten en wist dy al peuzeljend oan de man te bringen. By it fuortgien stonk elkenien nei fisk. It ferhaal giet dat Stoffel ynkoarten in lekker haske meinimt foar nei de wedstriid. De gehakbollen hawwe serieuse konkurrinsje krigen.

 

ClarenceSluierklassemint

It klassemint wie dit seizoen oant no ta noch leech. Mar dan komt ynienen de bekerwedstriid yn Heech mei trije missers. It kommend wykein sille wy gesluierde foto’s meitsje fan de trije kandidaten. Snein sjogge jim it resultaat

 

Brânblusse
Sa’t wy dizze wike al melden, hat SDS E1 in prima brânblusser yn de persoan fan  Siepie Fopma, at de âlders mei te hite hollen oan de kant stean.

By D1 hawwe se Ab Scheepvaart as lieder. Hy lit sjen hoe’t hy de hythollen te liif giet, mocht dat nedich wêze.

 

E4
Der wurdt wol ris klaaid oer safolle wedstriden yn safolle dagen. By E4 hawwe wy nimmen klaaien heard doe’t se 2 wedstriden yn twa dagen fuotbalje moasten. Woansdei en tongersdeitejûn. Resultaat?

SDS C1
Klaas Pompstra skriuwt de ferslagen fan SDS C1. As it goed is kinne jimme hjir eltse wike it ferslach lêze. As jimme hjir klikke dan kinne jimme de earste twa ferslagen lêze.