Wepperkes -tongersdei-

Kantine ôfbrutsen! Leve de nije kantine!
21 maart 2007
Wepperkes -freed-
23 maart 2007

Frijwilligers?
It wurdt hieltiten dreger om frijwilligers te finen. Ek SDS kint dit probleem. Om oandacht te freegjen foar dit probleem kinne alle SDS-leden binnenkoart in brief op de doarmatte ferwachtsje.

Keepersclinic
Op woansdei 11 april om 19.00 fersoarget Rudy Hobbenschot in keepersclinic foar alle jeugdkeepers fan SDS. 

Rudy jout keepersclinic.

Namme kantine
Wy krigen al ien namme binnen foar de tydlike kantine. Dit wie it idee fan Gerard van Asselt:
It griene fesnaperings-hok!!
Hawwe jim ek in goed idee, mail it dan nei info@vv-sds.nl!

Treffergearkomst
De Treffergearkomst is fersetten fan jûn nei folgende wike tongersdei 21.30. Hawwe jim noch wat dan leafst sa gau mooglik maile nei ús.

Sjonge
By it fuotbaljen wurdt altiten in soad songen. It iene ferske wat moaier dan de oare en it iene ferske wat moaier(“You’ll never walk alone”) dan de oare(“hy is in h…)” en de ien wat súverder(Ingelske supporters) as de oare(Cambuursupporters). It is al frjemd dat fuotballers oer it algemien net sjonge kinne. Lústerje hjir nei de sangtalinten fan Johan Cruijff(klik hjir) en Simon Tahamata(klik hjir). Jou ús dan Anne Brouwer mar…

“Mythische goal”(1)
Yn België hawwe sy in enquete hâlden oer wat de meast “mythische goal” ea west hat yn it Belgyske fuotbal. Wy binne it der mei iens dat it de goal wurden is fan Georges Grün fan België tsjin Nederlân om ’t John van Loen stie te sliepen(klik hjir). By it sjen fan dizze bylden spatte my wer de trienen yn de eagen(klik hjir(goal falt nei 5 minuten). Nederlân miste hjirtroch it WK fan 1986. België waard dêr úteinlik 4e. Yn België is noch in moaie dokumintêre makke oer België op it WK 1986(klik hjir).

“Mythische goal”(2)
Wat is yn jim eagen de meast “mythische goal” dy ’t ea troch SDS makke is? Kom mei foarstellen en dan kinne wy letter eltsenien stimme lette. It giet dus net per sé om de moaiste goal, mar b.f. de winnende goal yn de blessuretiid of de goal wêr ’t SDS mei kampioen wurden is of krekt net degradeard ensfh. Mail jim foarstel nei info@vv-sds.nl! Lit ús ek efkes witte wêrom jim dat de meast “mythische” goal fine.

Fryske foarâlden
Johan Cruijff hat Fryske foarâlden! Hienen wy it net altiten al tocht?(klik hjir).