Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
22 maart 2007
Seleksjes -sneon-
23 maart 2007

Seleksjes
Oan it ein fan de middei kinne jim hjir de seleksjes foar moarn besjen.

Froulju oefenje
De froulju fan Easterlittens hoefe moarn net foar de kompetysje te fuotbaljen en binne dus frij. Dit like harren lyk in moaie sneon om ris tsjin de froulju fan SDS te oefenjen. De wedstryd is om 13.30 yn Easterlittens. Annette Kooistra sil SDS koache om ’t koach Akke-Rixt Zysling moarn sels fuotbalje moat.

QVC út
As je út nei QVC moatte lykas SDS 1 moarn dan witte je dat je it dreech krije. As wy Voetbalnoord leauwe moatte dan hat SDS foar it lêst wûn by QVC yn it seizoen ’94-’95. SDS wûn doe yn Starum mei 2-0. Wa(Wichard?) kin ús fertelle as dit wier is en wa ’t de doelpunten makke hat?

Namme tydlike kantine
Wy krigen wer 3 nije nammen binnen foar de tydlike kantine:

*Ik sit hjir oan te tinken:
“Toarstige troch gearwurking”
Toarstige fanself en gearwurking foar SDS – Sterk Door SAMENSPEL(gearwurking)
Met vriendelijke groet/With kind regards,
Friso H. Albada

*Ik tocht sa, neam de tiidlike kantine mar: ”It Berch-Kafé”
Ids de Boer
*Mannen,
Neffens my is der mar ien namme tinkber foar de tydlike kantine yn ‘e berging: Fier Fuort
Dizze namme wurd troch sommige frywillegers fan ‘e Skoalleseize no wol brukt foar de berging oan ‘e kop fan’e klaaiboksen (it hok fan Andries en Jelle).
At alles klear is krije Andries en Jelle harren wurkromte yn ‘e nije
berging. Sy halde dus ek yn ‘e takomst deselde namme.
Miskien is der nocg in skilder dy’t (om neat) in moai buord skilderje kin!
Groetnis, Fedde
*
ik slût my oan by Fedde
Feike Jorritsma


Kreas
Justerjûn waard de tydlike kantine foar it earst brûkt. Wy moatte sizze dat it der kreas útseach. Ek de bestjoerskeamer seach der kreas út. Hjir de foto’s:

Eltsenien wie tefreden mei dizze tydlike kantine.


It seach der tige smûk út.


Sommigen fûnen it net sa waarm….


…………mar,


dat kaam de temperatuer fan it bier ten goede.

Waarm
Om waarm te wurden waard der juster noch in aardich spultsje dien yn de kantine(klik
hjir).

Nijs?
Mail it nei
ús!