SDS League: The Butchers pakke de wykpriis!

Wepperkes -tongersdei-
21 december 2005
Wepperkes -freed-
23 december 2005


The Butchers(LB) pakke dizze wike de wykpriis mei mar leafst 54 punten. FC ASP(AP) komt 7 punten te koart foar de wykpriis.

Nieuw Noord Olé(JD) pakt de kopposysje mar wer ris. FC Munnaps(BS) folget him en stiet 2e. FC ?(ATdV) docht minne saken fan ‘e wike. Sy hie mar 15 punten en sakke fan 1 nei 4.

Klussen is mijn leven(AFdB) docht dizze wike goeie saken. Mei 35 punten giet hy fan it 10e nei it 5e plakje.

In minne wike wie it foar de PSV’ers. Jelsmanian Devils(JSJ) wie hieltiten oan de kop fan de ranglist te finen mar sakket no al wiken efterelkoar. Hy sakket no mei mar 13 punten fan 21 nei 28.
PSV Eindhoven(HAD) hie sels mar 10 punten. Dit kin syn team net brûke want hy stiet no lêst.

Der binne no noch 2 wiken te gean yn de SDS League.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 13.