Wepperkes -tongersdei-

Krysttoernoai Frentsjer
14 december 2005
Wepperkes -freed-
15 december 2005

Derop út
Sneontejun binne de spilers fan SDS 3 derop út west. Wy hawwe alle foto´s no binnen. As it wat meisit dan kinne jim se hjir moarn besjen.

Eksklusief
Moarn kinne jim hjir eksklusief de earste foto’s besjen fan it nije stadion fan FC Grins; Euroborg.

Traine
Jûn is foar de measten de lêste trainingsjûn yn 2005. De trainers rekkenje op in grutte opkomst. Nei de training is der yn de kantine de kenniskwis mei 2 trainers en in lieder.

Spiler fan ’t jier
Juster melden wy dat Skelte Anema it wol rêstich oan dwaan koe mei syn ankel. Dit kin dus net. Hy hie justerjûn sealfuotbalje moatten mei SDS 2. Ek is hy syn kopposysje kwyt yn it spiler fan ’t jier klassemint fan SDS 1. Dirk Yde stiet no boppe-oan en Tsjipke 2e. Klik hjir foar it hiele klassemint.

Oanmoedigingen
It kin net oars dan dat er tongersdeitejûn ek wat A-spilers oanwêzich binne om harren trainer Marco oan te moedigjen. Justerjûn lieten se op de tramdyk fan Easterein al sjen wa’t harren favoryt is.

Oan de Streek yn Easterein hawwe se dúdlik in hiele oare favoryt

Us swartwyt kamera registrearde juster lykwols hiel wat oars. Op ien of oare wize liket it der op dat Marcel wol hiel goed beslein te iis komt.

SDS 2 hat justerjûn futsalle
Wij binne benijd nei de útslach

SDS 3 hat ek futsalle
Wij soene it op priis stelle dat wij de einstân troch krigen.

Fraagje
Eltsenien kin Kees Kist. Hy spile foar SC Hearefean en yn de gloarjejieren fan AZ’67. Hy spile ek inkelde jieren yn Frankryk. By welke klup(s)?
Mail jim antwurd nei info@vv-sds.nl!

In makkie of net??????
Jûn mei de kwis meitsje wy it antwurd bekend.

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei
info@vv-sds.nl!