Wepperkes -tongersdei –

SDS League: De Boers pakke de wykpriis!
9 november 2005
Wepperkes -freed-
10 november 2005

SDS 3 spile út tsjin LSC 3.
Sy hawwe ferlern mei 2- 3 De doelpunten binne makke troch Klaas en Jacob
Troch dit ferlies steane se no 7de.
(mei tank oan DWopkeO binne de ûntbrekkende stikjes ynfuld)

It publyk
Froulju: der wiene woansdeitejûn wer in protte mannen net yn de kroech. Hjirbij in byld fan de folle tribune bij it futsallen.

De djoere skuon fan Willem
De skuon fan Willem dy’t mei bekeurings en al hielendal út Drachten komme binne, makken woansdei harren debút. Helaas wisten se it net net te finen. It binne wol moaie skuontsjes!!

Futsal: SDS 1 ûnderút
Alwer wist SDS 1 net te winnen. Juster ferlear SDS 1 mei 4-2 fan Heerenveen. Dat wylst sy mei de rêst noch mei 2-1 foar stienen. It spul wie aardich mar de bal woe mar net yn ’t netsje. Heerenveen slagge dit wat better. De doelpunten fan SDS waarden makke troch Feite en Arjan.
It massaal opkommen publyk(tige tank derfoar) koe dus wer net getúge wêze fan in winstpartij foar SDS 1. Folgende wike tongersdei moat SDS 1 út nei Leeuwarden 1. Hooplik wurde der dan wer 3 punten helle. 

Futsal: SDS 2 wint knap
SDS 2 hat justerjûn mei 3-1 wûn fan ZVH. In knap rissultaat om ’t ZVH noch net in wedstriid ferlern hie. SDS 2 docht no ek mei yn ‘e kop fan it klassemint. Mei welk team as SDS 2 juster spile kinne jim hjir sjen(klik
hjir). It ferslach fan Dirk-Yde kin jim lêze troch hjir te klikken.

LC Coach (1)
Top koach Jan Rinse Blanksma fan Easterein hat efkes reageard op ús oersjoch fan woansdei. Op it oersjoch wat wij sjen lieten stie hij noch twadde. Dit wie bedoeld om him net hielendal neist syn skuon rinne te litten. No’t er syn buorman fan de Foarbuorren foarbij is, wol hij dat wol graach wrâldkundich meitsje, want sa seit er”
Jim begripe fansels wol dat it foar myn natuerlike gesach wichtich is dat alle spilers van A2, Durk, Greetje en Wikje sjogge wat de wiere tuskenstân is!!!”.
Derom hjir it
lêste oersjoch .

LC Coach (2)
De bêste koach fan Easterein wennet op de Foarbuorren, de beste fan Wommels op de Walperterwei. Ek op de Walperterwei wennet Johan Delfsma. Hij lit ús witte dat Wommelsers dy’t meidogge oan de LC Coach harren oanmelde kinne foar de Wommelser subleague. Dan hawwe wij alle mominten in goed byld.

Eltsenien sil it witte
SDS A2 hat sneon wûn en eltsenien sil it witte ek. Nei in lyts ferslachje fan Ids de Boer krigen wy hjoed ek noch in útgebreid ferslach fan Stefan van der Velde. Klik hjir om it te lêzen.

F2 wint yn Skearnegoutum
Wy krigen noch in ferslagje binnen fan Dagmar Tsjalsma fan F2 oer harren wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin Skearnegoutum:
Ik vind  het leuk om te voetballen. En ik vind mijn team genoten leuk. We hebben zaterdag met mijn team 6-3 gewonnen tegen scharnegoutum. Ik heb toen ook één goal gemaakt en Habtamu 2 en Watze 2 en Frank 1 .            van Dagmar Tjalsma