Wepperkes -tongersdei-

SDS League: Ruurd Boorsma pakt de wykpriis!
2 november 2005
Seleksjes foar sneon.
4 november 2005

SDS 2 om 14.30
De wedstriid fan SDS 2 sneon tsjin Urk 3 is fersetten. SDS 2 – Urk 3 begjint no om 14.30 oere.

Futsal: SDS 1 sûnder punten fan Urk
SDS 1 hat juster mei 2-1 ferlern fan Urk 2. SDS wie net minder en hie seker net ferlieze hoeft. It sit de SDS ‘ers op it heden allinne net mei. Wêr ’t foarige wike it houtwurk meardere kearen yn ’t paad stie, wie it no de keeper fan Urk dy ’t alles út syn goal helle. Allinne Robert Sybesma slagge deryn om yn de 1e helte in goal te meitsjen. Dit inkelde minuten neidat Urk op 1-0 kommen wie. Yn de 2e helte makke Urk it ôf mei de 2-1. It lukte SDS net mear om te skoren.
Folgende wike moat SDS 1 thús om 20.30 tsjin Heerenveen 2. SDS 1 kin wol wer ris wat punten brûke. 

SDS F2 wint fan Workum
Wy krigen noch in ferslach binnen fan Jorrit Veldman. Hy spilet by SDS F2. Sy wûnen sneon mei 3-1 fan Workum. Klik hjir om syn ferslach te lêzen.

Bekerje
De veteranen fan SDS sitte noch altyd yn de beker. Heech en Noardburgum binne ferslein en de folgende tsjinstanner is Anjum. Earder wie al ris oppere om bij in fiere útwedstryd de nacht yn de buert troch te bringen. Dy kâns liket no hiel lyts want in
pension yn Eanjum jout gjin garansje foar in fredige nachtrêst.
It is ús sa wie sa net net dúdlik at de wedstryd thús of út spile wurdt en wannear.

De kaart fan Sjoerd
Op de foto is dúdlik te sjen dat Sjoerd in reade kaart yn de hân hat en noch tinkt dat Harm Auke dat Sjoerd giel lutsen hat.
En even sa goed hat er gelyk.

Berenloop
Kommende snein is de
Berenloop op Skylge. Dizze heale of hiele maraton sil yn alle gefallen draafd wurde troch Roel Sijbesma en Klaas Kamstra. Of binne der noch mear SDS-ers dy’t sneons te min drave of strjitlizze?

Dronken linetrekker
waar heb ik dat meer gezien?(hoofdveld)?(Klik hjir)
Sipke

Skema sealtraine
De jonge jeugd traint alwer yn de seal. Mochten se it skema kwyt wêze, dan kinne se it fine bij it kopke “junioren”.

Fan herte lokwinske!
Gerwin Sybesma fan F3 wurdt hjoed 7 jier. Ek lytse Pieter is hjoed jierdei. Hy wurdt 1 jier. Fan herte lokwinske!
hspace=0 Gerwin:”hieperdepiep hoera”

Pieter: “1 jier alwer?”