Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
13 september 2005
Seleksje SDS 1 tsjin Oranje Nassau Grins.
16 september 2005

SDS 1 – Old Forward 1 (futsal)
De earste thúswedstryd levere 3 punten op. 3 doelpunten fan Feite de Haan wiene genôch om de mannen út Wilhelminaoord te ferslaan. Sy skoorden mar 1 kear. Arjan Posthumus makke syn debút en wa siet op de bank as koach??? Krekt, Willem Davids. Mar das logysk, dy mocht dochs net op it wurk komme!

Futsal?
SDS 2 moast juster tsjin Haskerlân en SDS 3 moast tiisdeitejûn sealfuotbalje. Wy binne benijd nei útslagen en doelpuntenmakkers. Mail it nei info@vv-sds.nl.

Wedstrydsponsoren
Kommende sneon fuotballet SDS 1 tsjin Oranje Nassau út Grins. Wedstrydsponsoren binne Ynze Kooistra út Wolsum, foarhinne de baas fan Kooistra supermerk yn Wommels en
Wheagan út Wommels.

Tink derom
De ploegen dy ’t sneon in útwedstriid hawwe moatte der efkes rekken mei hâlde dat sneon de dyk tusken Boksum en Goutum ôfslúten is.

Misbegryp
Juster stjoerde Freddy Scheltema ús berjocht dat hij allinne stie te trainen en dat hij fan neat wist.
Underwilens hat Klaas Pompstra nei ús en nei Freddy ta reageard en sy binne ta de konkluuzje kommen dat Freddy it wol witte kind hie. Wy binne bliid dat dit wer útpraten is en dat dit gjin spul feroarsaket yn Easterein.

SDS League
Der wurdt hurd wurke oan de earste stân fan de SDS-League. Der dogge sa ’n 60 minsken mei. Heechstwierskynlik kinne jim hjir moarn de stân besjen en hinget der sneon yn de kantine. 

SDS C1 útskeakele yn ‘e beker
SDS C1 kin him konsentrearen gean op ‘e kompetysje.
SDS C1 waard twadde yn ‘e bekerpoule efter JV Bolsward.

SDS 2 ek útskeakele foar de beker
Ek SDS 2 waard útskeakele foar de beker. Dit is ferrassend te neamen om ’t SDS 2 foarig seizoen noch tot de finaleronde kaam. Makkum 2 giet troch nei de folgende ronde.

Opfallende broers
Jappie Wijnia tipte ús noch oer it folgende. It docht bliken dat der 5 spilers by SDS E1 spylje dy ’t in broerke by SDS F1 fuotbaljen hawwe. Dit binne se:
SDS E1                – SDS F1
Harm Kappe          – Karst Kappe
Jan Peter Bootsma – Gert Jan Bootsma
Teun Heeres         – Wiebe Heeres
Allert Turksma       – Idsert Turksma
Frans Dooper        – Remco Dooper

Tip
De famylje De Jong(foarhinne Casper) tipte ús noch oer in skiedsrjochter dy ’t best sneon SDS 1 – Oranje Nassau Grins wolris fluitsje kin. Sjoch hjir


Nijs?  Mail it nei info@vv-sds.nl!