Wepperkes -tongersdei-

Lêste fotos nei Erica…
1 juni 2005
Wepperkes -freed-
3 juni 2005

Net wer twadde
Ype Tiemersma waard dit jier twadde op de topskoorderslist fan SDS. Dat wie him min nei it sin. Hy hat gelyk syn plan lutsen: hy wol no it krânsenklassemint winne. Dat is in goed stribjen en foaral omdat er it net allinne hoecht te dwaan. Soan Albert, dochter Martine en frou Elly kinne him dêrbij helpe. Yn de moanne maaie hawwe sy al 5 krânsen byelkoar keatst. En sy dat binne Martine en Albert. At Ype en Elly no ek noch op slach reitsje dan wurde dit de winners.

At er guon binne dy’t al mear kransen hingjen hat, dan heare wy it graach. Eventueel mei in foto. Maile kin nei info@vv-sds.nl

Clarence klassemint
Efkes in berjocht fan de behearders fan it Clarence klassemint: wy ferwachtsje noch wol 4 foto’s fan Skelte, Jeroen, Tsjeard en Pieter. Wy soene it sportyf fine at se sels in gesluierde foto oanleverje. Fansels bliuwe wy útsjen nei dizze hearen.

Seleksje SDS1
Woansdei stie yn de Ljouwerter Krante de seleksjes fan alle haadklassers en 1ste klassers fan Fryslân. SDS naam suver hast gjin romte yn.  Wichard (Wieger) hâldt op en is mar in gelok dat er in nije trainer komt, want sa stie der tenminste noch ien yn it rychje “nij”            

Heal stok!
Oan de Bûtenwei yn Wommels hinget de flagge healstok. VV Nijlân 1 is degradeare nei de 3e-Klasse. Klik
hjir foar it ferslach fan de lêste wedstriid fan Nijlân tsjin Balk.

Net mear
Net allinne Kees Adema hâldt op fan fuotbaljen. Ek Douwe Hoekstra is net mear beskikber. Hy kriget it fêst te drok as havenmeester fan Goajingea.
 
Wy hoopje him wer gauris as supporter oan de kant te sjen.

Opstartproblemen
De
side fan de keatsferiening yn Wommels hat noch wat lêst fan opstartproblemen. Dat giet mei namme om it webmasterjen. Sy sykje dêr in goeie kandidaat foar. Foarlopich wurdt it oernommen troch ien fan webmasters fan www.vv-sds.nl . Lit ús mar sizze de beste keatser fan de twa.

Sneon neat te dwaan?
As jimme sneon neat te dwaan hawwe dan kinne jimme sneontemiddei wol efkes yn Tsjom sjen. VV Tzum bestiet 25 jier en spilet sneon om 17.30 in wedstriid tsjin âld-SC Heerenveen. By âld-SC Heerenveen dogge yn elts gafal Pieter Bijl, Johan Hansma, Gert-Jan Verbeek, Eddy Bosman en Rene Groen mei. Fansels kinne jimme ek gewoan nei Wâldrock gean yn Burgum. Dit begjint om 12.30 oere en duorret oan ’t 0.25 oere. Dan binne je moai de hiele dei ûnder de pannen.

Whhaaaaaaaaaaaaaaaaaaa!!!!!!!!!!!!!!!!!!

Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl.