Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
2 juni 2005
Ofskie Wichard
3 juni 2005

Stom!
Juster melden wy dat Douwe Hoekstra lid ôf wurden is om ’t hy no havenmeester fan Goajingea wurden is en it dêr fiersten te drok my hat. In oplettende lêzer hat ús mailt dat Douwe fansels net havenmeester fan Goajingea wurde is mar fan Loajingea. Hy wist ek te melden dat der op it heden noch net folle boaten yn de haven lizze en as der net mear boaten komme hy ek wol fuotbaljen bliuwe kin.

De “toppers fan toen”
Wichard hat ús de seleksje mailt dy ’t hy gearstald hat. Sy spylje jûn om 19.00 oere tsjin it SDS 1 fan no. Hjir de “toppers fan toen”:
Peter Kusters
Jappie Wijnia
Tjomme Wijnia
Richard vd Weit
Eelco Algra
Wouter Hylkema
Rients Smeding
Douwe Durk Reitsma
Broer Wiebe de Ringh
Marco Ottens
Willem Wijnia
Peter Sybesma
Gerrit Terpstra
Tjeerd Dijkstra
Klaas Dijkstra
Piet de Jong
Hielke de Vries
Klaas Visser
Anne Brouwer
Douwe Schaafsma
Jan Weijer
Ruddie Hobbenschot
Geert Hiemstra
Klaas Overal
Wichard Deinum
Kom jûn dus allegear nei de Skoalleseize om dizze toppers oan it wurk te sjen.

Te let!
Pieter Bijl is moarn ek te gast by VV Tzum-âld SC Heerenveen. Fan hearen en sizzen hawwe wy dat hy net allinne te fuotbaljen komt mar ek komt skouten foar syn nije klup Harkemase Boys. Jammer genôch foar him ha
t de beste spiler út Tsjom al tekene by de Stormvogels út Velsen(net yn de war te heljen mei hun nammegenoaten út Achlum)!

Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl.