Wepperkes -tongersdei-

De emoasjes fan Anne
19 mei 2005
Wepperkes -freed-
20 mei 2005

419 X Fryslân
Sa’t jim fêst wol witte hat Karstkarel in boek skreaun oer 419 fryske doarpen. Hy is op dit momint on tour by al dy doarpen lans. Yn alle doarpen wurdt in foto makke fan immen mei it byld fan Karstkarel.
Yn Easterein wie dat: Rimy Kamstra

En yn Itens…ja hoe kin it ek oars….

Doarpenkennis
Sneintemoarn om 11 oere hold Karstkarel yn Hylpen in lêzing oer dit boek en hy slúte de moarn ôf mei in fotokwis oer de Fryske doarpen. Fan de 31 gemeenten waard in foto fertoand en de dielnimmers moasten riede hokker doarp it wie. De winner dy’t tenminste 20 goed hie, koe mei in fergees boek nei hûs. Winner waard mei 27 goed (dat wie in absolut rekord) ien fan de webmasters fan SDS. En dat wie net min op de dei nei it kampioenskip fan SDS 1.

Alles wer oars!!
It sit allegear wer oars mei de beker fan SDS 2. Moarntemoarn kinne jim der alles oer lêze.

Dirk-Yde syn broek
Dirk-Yde hat mar inkelde dagen thús west út Skotlân en syn mem is lyk fan alles kwyt. Sa is hy syn sportbroek kwytrekke nei de training fan tongersdei. Wol degene dy ’t wit wêr as it broekje is efkes maile nei info@vv-sds.nl?
Wy fertinke Jacob-Klaas H.

Henkie skorst
Henk Postma is troch de KNVB foar 4 wedstriden skorst. Hy docht dus net mei oan de bekerfinale. SDS 2 mist sa al 2 skorsten(Ruurd en Henk).

De Weide 2 promovearret
De Weide 2 hat syn beslingsduel tsjin Noordscheschut lykspile mei 0-0. Dit betekent dat sy promovearje nei de Haadklasse. Om ’t Urk 3 kampioen waard yn de Reserve-1e-Klasse en net nei de Haadklasse mei, om ’t Urk 2 hjiryn fuotballet, koe De Weide as nûmer 2 in klasse omheech.

Yn ‘e war
Nei sa ’n kampioenskip en safolle foto’s reitsje wolris wat yn ‘e war. Dit stie der by ûndersteande foto;
Geert Couperus mei soan koe syn gelok net op

Fansels kloppet dit net en Geert Couperus makke him al soargen:
Om praat te foarkomen dit is rimmer kamstra soan fan klaas en riemy. groetnis geart couperus.
Ek muoike Immie Kamstra makke har soargen:
Beste jonge dy Geart C., mar dizze soan is net fan him!!

Lokwinske!
Om’t ik noch net earder efter de kompjoeter plak nimme koe (Pinksterwykein op Skylge) dan no noch: Mannen fan herte lokwinske mei jimme kampioenstitel. Net allinne de mannen fan’t earste, mar ek de trainer, de lieder, de grinsrjochters, de supporters en it bestjoer FAN HERTE.
Hinke

Hoefolste?

Wy binne no de 6e as 7e (amateur)club fan Fryslân. Enne Bruinsma makke ús derop attint dat wy op it ynternet noch altiten de 1e amateurclub fan Fryslân binne:
  70 (49) Heracles4ever 797 (-212)
  71 (89) vv SDS Oosterend 794 (+325)
  72 (70) Supportersvereniging N.E.C. 793 (+183)

Mear nijs?
Hawwe jim noch nijs? Hat it 3e sneon in feestje? Hoe let bekert it 2e folgende wike no echt? Sit de bus al fol? Mail it nei
info@vv-sds.nl.