Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
25 april 2007
Wepperkes -freed-
27 april 2007

SDS 2 in oerke earder
De training van SDS 2 is vanavond niet om acht uur,
maar een uurtje eerder om zeven uur.
Gr. Trainers SDS 2

Fersmiten
SDS 3 hat de titel fersmiten. SDS gie tiisdeitejûn mei 3-0 ûnderút by Oeverzwaluwen. Ek krige SDS 3 noch 3 punten yn mindering om ’t sy op 14 april net nei Koudum west binne om ’t sy te min spilers hienen. Sa kin it dat Franeker 2 no yniens kampioen is. Hjir noch it ferslach fan de wedstryd fan tiisdei:
SDS-3 heeft met 3-0 verloren, in een dramatische wedstrijd stonden we binnen 1 minuut al met 1-0 achter
waarna we de gehele wedstrijd achter de feiten aanliepen.
In de tweede helft werd het 10 minuten voor het einde door 2 counters 2-0 en 3-0.
Het seizoen lijkt evenals vorig jaar na het vergeven van de titel kansen als een nachtkaars uit te gaan.
De beleving en bezieling is verdwenen en dit heft ook te maken met de trainingsopkomst.
Zaterdag mogen we uit bij BCV proberen om het geschonden blazoen weer een beetje op te poetsen
en proberen het 2e plekje veilig te stellen.
Ik zou graag willen afsluiten met join the winning team, maar dat is dit jaar helaas wederom niet van toepassing!!!!
WD

Skoen kwyt……..
Yn Wommels is der op it âlde fuotbafjild yn febrewaris gêrs siedde en as it goed giet kin der binnenkoart wer op fuotballe wurde. Foar SDS is it net in opsje om dêr wedstriden te spyljen, want it fjild is nochal wat lytser wurden. De F-kes soenen der al fuotbalje kinne. Wy binne al bang dat sy dan wolris in skoen kwytreitsje kinne….

Grutte gatten yn it “âlde fuotbalfjild” fan Wommels.

Kapot
Miskien hawwe jim opmurken dat wy dizze wike de helte minder wepperkes hawwe as oare wiken. Dit komt omdat de helte fan de webmasters ôfslúten is fan it ynternet. Wy witte net as dit te krijen hat mei wat hy altiten op dizze webside set. Wy witte wol dat it begien is neidat hy de foto’s fan it útsje nei Feyenoord op de side setten hat….. Mochten jim him dochs wat maile wolle dan moatte jim hjir hinne maile. It kin wol wêze dat hy by jo oan de doar komt om syn mail te lêzen.

Staazjefakatueres yn Easterein!
As fuotballer hawwe je net folle tiid oer foar oare dingen lykas je stúdsje, túnkjen en mei de frou nei de stêd. Foar in fuotballer dy ’t studeart is it dan ek tige noflik dat b.f. it staazjeplak ticht by hús is. Spesjaal foar minsken dy ’t wat mei SDS hawwe, hawwe wy no in moai staazjeplak regelje kinnen. Sjoch hjirûnder.
(Sy hawwe it leafst in keeper fan bûten dy ’t kommende seizoen by SDS komme wol)

Bisto in studint kommunikaasje of MER/bedriuwskunde? Dan is der yn Easterein in leuk staazjeplak beskikber!

Staazje kommunikaasje

As stazjêre kommunikaasje kinst op ús buro meirinne mei in projekt om froulju op it plattelân (wer) oan wurk te helpen. Wolst ek in ôfstudearopdracht dwaan, lykas bygelyks in ûndersyk, dan binne dêr ferskate mooglikheden foar.

Staazje MER/bedriuwskunde

Wy binne op syk nei in stazjêre dy’t foar ús in ûndersyk dwaan kin oer in franchise-organisaasje. Do soest ûndersykje moatte hoe grut it wurkgebiet wêze moat fan sa´n franchise-filiaal om rendabel te wêzen.

De beide staazjes kinne tusken no en septimber 2007 begjinne.

Nijsgjirrich? Nim ris kontakt op mei Silvia Hania, tillefoan 06 18 948689, of fia de e-mail: silvia@aanst.nl. Op www.aanst.nl kinst mear ynformaasje fine oer ús bedriuw.


Húskes
De Skoalleseize is foar de nije kantine drok op syk nei û.o. geskikte stuolen, tafels en barkrukken. Wy hawwe foar harren al geskikte húskes fûn:
Iets raars in je mailbox (188)
It sil by dy earste wol smoardrok wurde…….

Sjurt oanhâlde
Sommige SDS’ers kinne ek op bêd better harren SDS-sjurt oanhâlde(klik hjir).

Te keap!
Dit stie fanmoarn op Marktplaats:
Aangeboden: Ronald Koeman! – gratis af te halen bij het philips stadion! – Ideaal voor het huishouden! – ook geschikt als vissenvoer!
(klik hjir).

Letter mear!