Wepperkes -woansdei-

SDS League: Henk Postma pakt wykpriis en kopposysje!
24 april 2007
Wepperkes -tongersdei-
26 april 2007

Hat SDS 3 wûn?
Is SDS 3 noch yn de race foar de titel? Wy binne benijd nei de útslach fan de wedstryd fan justerjûn. Ek IJVC wurdt al ûngeduldich. Mail it nei ús.

SDS 6 net
SDS 6 wie justerjûn hielendal klear foar de wedstryd tsjin Delfstrahuizen 4. Jammer genôch wienen de Delfstrahústers der net klear foar. Sy seinen fan neat te witten en wienen noch thús. SDS 6 hat doe mar efkes traind.

SDS Froulju
De SDS-froulju sille folgende wike wer oefenje. Tiisdeitejûn om 19.00 sille sy foar it earst thús oefenje en wol tsjin Tsjom 1. De wedstryd sil lieden wurde troch André Vink.

Beste goal
’t Is ús no dúdlik dat Diego fan Werder Bremen goed nei Roger sjoen hat. Diego’s goal mocht der oars ek wêze tsjin Allemania Aachen(klik hjir).

Keninginnedei mei The Wanderers

Oankommende mandei is it wer safier. KENINGINNEDEI!!!En dit kear hoech jim jim net te ferfelen!! n de berching op de Skoalleseize spylet nei it keatsen,klaverjassen en Jeu de Boel in LIVE BAND!!!!The Wanderers. Hielendal fanut Alkmaar komt disse professionele band. En mei mar 1 doel……De boel op stelten sette!!!Ik soe sisse,kom allegear,it bier stiet kald en der kin mar raak dunse wurde.(Ek Jump-style mei foar de leafhawwers). Rock en Roll!!!
GvA.