Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
10 februari 2005
Wepperkes -sneon-
12 februari 2005

Sjurtsjes,sjurtsjes en noch mear sjurtsjes

Efkes op besite west by de bruorren Jildert en Remco Hylkema. In prachtige searje sjurts fan foaral ferskate Ingelske klups. Moarn of snein kinne jim it resultaat sjen by fenfan yn de rubryk supporters SDS. Der wie ien sjurt wêr’t se leaver net mei op de foto woene. Dy mocht heit Wouter wol oan hawwe. Hokker? ek dat sjogge jim moarn.

SDS League
It is moarn echt de lêste dei om de nije teams fan de SDS League yn te leverjen. Jimme hawwe dus noch 1 dei. Klik hjir foar it ynfulformulier, ful it yn en mail it nei SDSLeague@vv-sds.nl of goai it by Willem Wijnia of Roel Sybesma troch de bus.

Frij?
It 1e soe juster yn Âldeboarn oefenje tsjin Berltsum. Dizze wedstriid gie net troch. No hat SDS 1 traint yn ‘e sporthal yn Frentsjer. SDS 1 bliuwt sneon gewoan frij en hat dus gjin oefenwedstriid.

Net frij!
SDS 2 oefent sneon thús tsjin Hielpen om 14.30 oere. SDS 2 kin moarn beskikke oer in grutte seleksje. De jonges fan SDS 1 hoopten dat sy sneon mei de frou nei de stêd koenen, mar dat wurdt him net. Om ’t SDS 1 tongersdei ôflast waard geane inkelde spilers mei SDS 2 mei. Yn elts gefal geane Floris, Feite, Robert, Tsjeard, Jan-Simon mei SDS 2 mei.

Wol te trainen!
By SDS 2 is Jos Zonderland net it grutste trainingsbist. Dochs is hy der meastentiids wol. Ek jûn sil hy wol te trainen wêze yn ‘e sporthal. Thús hat hy hielendal neat te dwaan. Jos syn tillevysje koe sûnt 3 moanne in soad tillevysje-sinders ûntfange. De 3 porno-sinders wienen Jos syn favoryt. Helaas rûn juster syn proefabonnement ôf en giet Jos syn freondinne hjoed fuort foar in lang wykein Roemenië. Hooplik foar Jos giet it fuotbaljen moarn ek gewoan troch.

Wat sizze sy dêr?

*”Rustig mar skeids, Oane Brouwer is underweis”.
Met vriendelijke groet,
Johan de Graaf
*”Ze zeggen vast dat de scheids hem niet zo aan moet stellen, en gewoon weer moet gaan fluiten!!!”
Groeten, Harm Auke Dijkstra
*Lykle seit: “Hâld der mar mei op skeids, dy jonges wolle dochs oan it bier!”
Groeten, Willem.


Noch mear oefenwedstriden
At it waar it ta lit binne der moarn noch mear oefenwedstriden. SDS 3 tsjin SDS 4 en B1 tsjin A1