Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
30 mei 2007
Wepperkes -freed-
31 mei 2007

Nije flagger
Ús bronnen fermelde dat Anne Brouwer folgend seizoen de nije flagger wurdt fan SDS 1.

Anne folgend jier flagger.

Lêste dei
Hjoed is it de lêste dei om spilers fan oare ferienings oan te lûken. Jûn om 0.00 slút de transfermerke. Soe SDS noch mei in klapper komme?

Midsimmercup 2007
Folgende wike wurdt foar de 3e kear de Midsimmercup ferspile yn Dronryp. Ek SDS sil hjir mei in team hinne. Dit team sil in mix wêze fan SDS futsal 1 en 2. It begjint om 11.00. De poule fan SDS sjocht der sa út:
Poule G:
Sparta
Sint Jacob
Warga
Dronryp
SDS
Klik hjir foar alle poule-yndielingen.

Kompetysje-yndieling SDS 2?
SDS 2 spilet folgend jier yn de 2e-Klasse. It kin noch alle kanten op mar mooglik wurdt dit de kompetysje-yndieling foar folgend seizoen:
Kompetysje-yndieling 2007-2008?

1 SDS 2
2 SC Genemuiden 4
3 Hardegarijp 2
4 Minnertsga 2
5 CSL 2
6 Leeuwarder Zwaluwen 2
7 Nijland 2
8 Balk 2
9 Blauw Wit ’34 3
10 Flevo Boys 3
11 CVVO 2
12 Knickerbockers 3

SDS froulju
De froulju fan SDS hawwe der wer in teamlid by. Marije Hiemstra hat har hjoed offisjeel oanmelden as nij lid.

SDS-Hyve
De SDS-Hyve hat ynmiddels al 27 leden. Dit moatte der fansels noch folle mear wurde. Klik hjir om ek lid te wurden.

Feyenoord
Allegear hawwe wy meiliden mei Feyenoord. Om harren in bytsje te steunen, sille wy harren wol wat helpe mei it útsykjen fan in trainer. Wa moat de nije trainer fan Feyenoord wurde?(klik
hjir)
Wy binne benijd nei jim stim.

Allicht
Sponser Rudolf de Jong lit ús witte dat hy ek folgend jier wol ljocht sjocht yn it sponserjen fan de trainingspakken fan SDS 2:


Keepers(7)
Tuerlik makket in keeper wolris in blunderke. Lokkich genôch binne der skiedsrjochters dy ’t harren dan in bytsje de hân boppe de holle hâlde(klik hjir).

Nijs?
Hawwe jim noch nijs, mail it dan nei ús!

Miskien letter mear!