Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
28 februari 2007
Seleksjes -sneon-
2 maart 2007

Seleksjes sneon
Op in oar plak kinne jim de seleksjes fan sneon lêze. SDS 1 , SDS 2 en SDS 3 sille de wiete greiden yn. Wij tinke dat er op it kriterium “wetterrôt” selekteard is.

Ôflast?
Wurdt moarn alles troch de KNVB ôflast? Hâld teletekst nûmer 603 yn ‘e gaten(klik
hjir foar teletekst).

SDS A1 yn ‘e tegels
Ik woe efkes melde dat in select groepke fan SDS A1 moarn wat oan de teamspirit bouwen giet, oftewol se dogge oan teambuilding. Dit is omdat der moarn gjin wedstriid op it programma stiet, der binne wat jonges die moatte mei de senioaren mei, en der binne minsken die bluiwe thus. Mar der binne in stik as 5 jonges die’t tegearre mei de trainer yn de tegels sille, se helje de tegels om de kantine der wei en stapelje se op pallets..
Ids de Boer.

SDS 5 en 6 oefenje
Om 12.45 oere sstiet de oefenwedstryd SDS 5 tsjin SDS 6 op it programma. It is fansels ôfwachtsjen at it troch giet. Mooglik betinke de lieders in alternatyf programma.
Let dus op de webside sneon.

Hylke de Vries
Út betroubere bron hawwe wy fernommen dat âld-SDS trainer Hylke de Vries folgend seizoen vv Scharnegoutum ’70 koache sil.

Fjouwer kear Skelte
It biikebrennen hat Skelte goed dien. Hij skoarde woansdeitejûn 4 fan de 6 doelpunten. Meast is hij iets minder produktyf as Dirk Yde.
Wij hawwe de bijwurke list wer krigen fan DYS.

Dirk-Yde 40
Skelte 31
Tseard H. 6
Pieter 4
Hendrik 4
Tjeerd B. 3
Sjoerd R. 2
Feite 1
Marten 1
Harm-Auke 1
Eigen goal 1
Sjoerd van B. 0
Floris 1

Spesjaal foar Ozzy
Wij hawwe fanne wike lêze kinnen dat Ozzy in grut fan is fan Charisteas, de trefsekere spits fan Feyenoord. Dat is om syn fuotbalkwaliteiten, ferûnderstelle wij. Of bringt syn moaie stim him yn 
hegere sfearen